Omrop Fryslân

Fries yn Spanje moast kreatyf wêze nei stroomsteuring: "Bisten by it rút behannelje"

In stroommêst (argyf)
© Shutterstock.com
Hoewol't in grut part fan Spanje wer stroom hat, binne de gefolgen noch merkber. Dat fernimt ek Fries om utens Marten van Kammen. "De treinen ride noch net. It is noch net hielendal klear."
Yn in grut part fan Spanje en Portugal foel juster de stroom út. "It wie in hiele gaos", seit Van Kammen, dy't yn Santander wennet. Dat is in stêd oan de noardkust fan Spanje.
"Om 12.40 oere gienen de kamera's út yn de diereklinyk dy't we hjir hawwe", fertelt er. "Wy tochten: wat gebeurt hjir?"
Net allinnich kamera's holden op: "De ljochten giene út, stopljochten wurken net mear. En wy hienen gjin telefoan en gjin ynternet mear."
Omdat it wurk yn de klinyk trochgie, moast Van Kammen kreatyf wêze. "Wy moasten de bisten by it rút behannelje", leit er út. Oars hiene se gjin ljocht.

Friezers en kuolkasten út

Om't Van Kammen krekt op fakânsje west hie, hie er gjin iten yn 'e hûs. "Dus wy by alle supermerken lâns, dêr stiene allegearre minsken yn de rige om bôle te keapjen. Want dat wie it iennichste wat se útjaan koene."
By ien supermerk diene de ljochten en ien kassa it noch. "Mar de friezers en kuolkasten wienen dêr ek út."
Reizgers yn Valencia sliepe op it stasjon omdat treinen net ride
© ANP
Troch it útfallen fan de treinen, moasten in protte reizgers de nacht trochbringe op stasjons. "Dat wie ek in hiele gaos, mei minsken op it stasjon te sliepen. Guon stasjons dy't eigentlik minsken opfange moasten, hiene de doarren ticht."
Miskien hat der wol ien op it fleanfjild stien dy't sei: hjirhinne, hjirhinne.
Westereender Marten van Kammen yn it Spaanske Santander
Fleantugen komme en geane wol gewoan, fernimt Van Kammen. "Ik wit net hoe't se dat hân hawwe. Miskien hat der wol ien op it fleanfjild stien dy't sei: hjirhinne, hjirhinne."
Neffens de Spaanske premier Sánchez is yn syn lân it stroomnetwurk foar 99 prosint wer operatyf. Yn Portugal soene ek hast alle húshâldens wer stroom hawwe.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.