Omrop Fryslân

Marieke Vellinga wol 'ambassadeur fan Flylân' wêze yn de Twadde Keamer

Marieke Vellinga-Beemsterboer
© Gemeente Flylân
Wethâlder Marieke Vellinga-Beemsterboer (D66) sil net allinnich it eilân Flylân ferruilje foar de Twadde Keamer, mar "ek de fearboat foar de trein". Want mei de ferkiezingen hat se in sit krigen. Woansdei wurdt se ynstallearre as Twadde Keamerlid.
Op it stasjon op It Hearrenfean stapt Marieke Vellinga út in folle trein út Den Haag wei. Drokke stasjons en fluch oerstappe nei de grutte stêd wurdt foar har it nije normaal.
De wethâlder fan Flylân hat nammentlik mei foarkarstimmen in sit yn de Twadde Keamer bemachtige en sil dêrtroch dus faak mei de trein op en del moatte. Dy reis duorret ûngefear like lang as mei de fearboat nei Flylân.
Flylân fanút de loft
© Omroep Zilt, Lennard Geerts
"Dat fyn ik ek moai. De treinreis jout tiid om nei te tinken", fertelt Vellinga. "En sa is de polityk ek: soms feroaret der in soad, moatte je alles falle litte op sa'n goed mooglike wize en it nije aventoer oangean. "

Fan lyts nei grut

It is in opmerklike oerstap foar Vellinga. Mei njoggen riedsleden hat Flylân de lytste politike arena fan Nederlân. Vellinga ferruilet dy foar it nasjonale parlemint mei 150 Keamerleden.
"Ik kin sels ek noch net sa goed ynskatte hoe't it gean sil, mar gelokkich nim ik de ûnderfining dy't ik ha mei nei de Twadde Keamer. En ik gean der ek altyd fanút: yn Den Haag kinne se in soad leare fan hoe't wy it yn de lytse gemeenten dogge."
Dat is sa ferskriklik weardefol, ik bin der eins in bytsje stil fan.
Marieke Vellinga (D66)
It is noch nea earder foarkaam dat in wethâlder fan in waadeilân Twadde Keamerlid waard. "Ik fyn it hartstikke moai dat ik dit fanút in lytse gemeente no dwaan mei", fertelt Vellinga entûsjast.
Har partij D66 waard boppedat ek de grutste op Flylân, en dat wie foar Vellinga dochs wol "de kers op de taart". Ek krige se dêr in soad foarkarstimmen. En dat wylst Flylân earder bekend stie as VVD-bolwurk.
Ik fiel in soad ferantwurdlikheid, mar dy hie ik ek field as ik 1.000 stimmen krigen hie.
Marieke Vellinga-Beemsterboer (D66)
Vellinga hat in soad stimmen krigen by de ferkiezingen, de measte fan alle Fryske kandidaten. "Dat is sa ferskriklik weardefol, ik bin der eins in bytsje stil fan. Ik wol dat hiel graach wiermeitsje de kommende tiid."
De aksje 'Stem op een Vrouw' hat dêrby holpen, mar tagelyk kriget Vellinga ek in soad berjochtsjes fan minsken dat se op har stimd hawwe fanwegen har persoan en har politike idealen.
Yn totaal krige Vellinga op 29 oktober 36.000 stimmen fan de kiezers. "Ik fiel in soad ferantwurdlikheid, mar dy hie ik ek field as ik 1.000 stimmen krigen hie."

Nochterheid

Vellinga fynt it wichtich om de eilânske nochterheid mei te nimmen nei Den Haag. Sy fynt dat it Ryk de regels foaral net yngewikkelder meitsje moat as nedich.
"Flylân is de lytste gemeente fan Nederlân mei in lytse organisaasje, dus dêr moatte je saken foaral net yngewikkeld meitsje. Sjoch breed nei dingen, zoom net yn op in lyts stikje fan in probleem, want in soad hat mei-inoar te krijen."
It eardere wurkplak fan Vellinga op Flylân
© Omroep Zilt, Lennard Geerts
Wat se yn Den Haag dwaan sil? Vellinga wurdt wurdfierder op it mêd fan skipfeart, it Waadgebiet, túnbou, biste-wolwêzen en de fiskerij. "It binne moaie útdagingen dêr't ik myn kennis en netwurk fan de ôfrûne trije jier yn meinimme kin. Ik ha der dan ek ferskriklik folle sin oan."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.