Omrop Fryslân

Fuotbalteam út Dokkum jout eltse tsjinstanner sportbibel kado: "Dan begin je wel positief"

De spilers fan Dokkum sizze in tankgebed op de middenstip
© RTV NOF
In tankgebed op de middenstip en bidde yn de klaaikeamer. In fuotbalteam fan Be Quick 8 út Dokkum docht it krekt wat oars.
Wat begûn as in pear rekreative potsjes fuotbal, groeide út ta in grutter team. De spilers, ferbûn oan de Vrije Baptistengemeente Nehemia út Dokkum kombinearje harren wille yn fuotbal mei it leauwen.
Yntusken dogge se mei yn de kompetysje reserve fyfde klasse en wolle se wat posityfs útstriele op it fjild. "Us nivo wie wol aardich, dus wy tochten: dit kinne wy wol dwaan mei-inoar", fertelt spiler Nico Zwart.

Sportbibel kado

It team bestiet út spilers fan sechstjin jier en âlder en telt yntusken 25 fuotballers.
RTV NOF seach by de wedstriid tsjin Feanwâlden:
"We ha in moai team, we geane foarelkoar troch it fjoer, en de kombinaasje mei it leauwen is ek gewoan moai," seit Nico Zwart.
Dat der in kristlike ynstelling oan it team sit, is foar harren tsjinstanners ek al gau dúdlik. Dy krije yn it foar in sportbibel kado. Sa ek in team yn Feanwâlden.
"Er zat een briefje in", seach Erwin Walstra, oanfierder fan SCV 3 út Feanwâlden. Op dat briefke stie de spreuk: 'De tackles zullen niet altijd zuiver zijn, maar we zullen je altijd omhoog helpen.'
"Die vind ik wel grappig ja. Als dat de instelling van deze wedstrijd is, dan begin je wel positief", seit Walstra.
By de wedstriid tsjin Feanwâlden
© RTV NOF
Zwart fernimt dat harren ynstelling soms wat docht mei tsjinstanners. "Ik hie ris in duel mei in tsjinstanner dy't flokte. Hy hold fuort op en bea syn ekskuzes oan. It set minsken oan it tinken, en dat fyn ik moai."

Freonen slute oan

In protte mannen yn it team leauwe al in lang skoft, mar geregeld skowe ek net-leauwige freonen oan. Foar de wedstriid ried elkenien om beurten in ynlieding ta en dielt dat mei it team. "Sa besykje wy inoar te ynspirearjen en derby te hâlden", fertelt Zwart.
Alle wedstriden einigje mei in tankgebed op de middenstip.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.