Omrop Fryslân

Fuotbalklups Sint Nyk en omkriten roppe âlders op ta respekt lâns de line

In fuotbalfjild
© Omrop Fryslân
De jeugdfuotbalklups fan Sint Nyk, Jiskenhuzen en Langwar fine dat âlden harren better hâlde moatte lâns de line fan it fuotbalfjild. Se meitsje dêrom in statement.
"Helaas hebben wij de afgelopen periode moeten constateren dat het gedrag van sommige ouders/verzorgers langs de lijn grenzen overschrijdt", is te lêzen yn in berjocht fan de klups RVLC, vv Langweer, vv Renado en VVI.
Fanatisme moat kinne, sizze de klups, mar somtiden slacht dat om nei persoanlike oanfallen, ferbale agresje of respektleas gedrach. "Dat is onacceptabel."
Yn it statement stiet dat de klups mei harren fjouweren optrede sille by datsoarte situaasjes. Hoe krekt wurdt net dúdlik, mar se jouwe wol oan dat jeugdspilers net de dupe wurde kinne fan gedrach fan âlden.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.