Omrop Fryslân

Gjin fitness, mar swithok: Harkemase Boys ferfrysket eigen sportpark

Wa't it sportpark ferlit, sjocht de tekst 'Oant sjen'
© RTV NOF
Fuotbalklup Harkemase Boys wol him ynsette foar Fryske taal en pakt dêrom it eigen sportpark De Bosk oan. Under oare de nammen en de sifers yn it klupgebou binne 'ferfryske'.
Al jierren set de klup him aktyf yn foar it Frysk. Op de sportklean, yn de kantine en op de socialmediakanalen wurdt it Frysk in soad brûkt. No set de klup in ekstra stap om de taal op de kaart te setten.
"We binne grutsk op dizze klup, mar ek op de Fryske taal. It makket ús ien taal mear talich as de rest fan Nederlân", seit foarsitter Sippe Heeringa.
"We binne in Fryske klup. We prate hast allinnich mar Frysk, ek ús klupliet en ús slogan binne yn it Frysk", ferwiist er nei Mei ús allen binne wy ien.

Stipe út de Afûk

Dêrom binne de nammen en sifers dy't op en yn it klupgebou steane oanpast nei it Frysk. It idee is ûntstien troch de kampanje Praat mar Frysk fan de Afûk.
Gjin fitness, mar swithok: Harkemase Boys ferfrysket eigen sportpark
"We geane faak oer op it Nederlânsk út fatsoen of omdat it makliker wêze soe", seit Petra Louwenaar fan de Afûk.
"It is moai om dyn memmetaal wat mear om dy hinne te sjen, dan hast ek mear de oanstriid om it sels te sprekken."
Dan freegje se wat in 'swithok' of in 'boartershoeke' is.
Sippe Heeringa, foarsitter Harkemase Boys
It earste alvetal de klup spilet yn de tredde divyzje, wat betsjut dat Harkemase Boys de heechst spyljende amateurklup fan Fryslân is. Tsjinstanners komme út it hiele lân wei.
Dat dy tsjinstanners in soad Frysktalige buorden net begripe sille, dêr kin foarsitter Heeringa wol om laitsje.
"Dan stelle se de fraach: wat is dat, in 'swithok' of in 'boartershoeke'? Dat moatte se ek noch besykje om it út te sprekken, dat is al moai genôch", fertelt Heeringa.
"Wy fine it allinnich mar moai, en it is ek in moai ûnderwerp om te bepraten yn de bestjoerskeamer as oare klups hjir op besite binne."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.