Nij BFTK wol Frysk sichtberder meitsje: "Thuis, bij de overheid, online en in cultuur"
It Frysk yn Fryslân moat folle sichtberder wurde yn de iepenbiere romte, ûnder oare troch Frysktalige ferkearsbuorden. It Frysk krijt ek in fêst plak yn it middelbier beropsûnderwiis fan Firda.
Om te ûnderstreekjen dat it Ryk dêr folslein efter stiet, ûndertekene minister fan Ynlânske Saken Hugo de Jonge moandei by Firda yn Snits de nije Bestjoersôfpraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK). Foar Fryslân sette Kommissaris fan de Kening Arno Brok syn hantekening.
Jongeren zijn de toekomst. Wat de studenten hier leren, nemen ze straks mee in hun werk als beveiliger of verzorgende.
Firda wie mei sin as lokaasje útkeazen, fertelde De Jonge: "Jongeren zijn de toekomst. Wat de studenten hier leren, nemen ze straks mee in hun werk als beveiliger of verzorgende. Juist in die functies is het belangrijk om mensen in hun eigen taal te kunnen aanspreken."
Earder joech de Twadde Keamer it kabinet al de opdracht om jild frij te meitsjen foar in saneamd praktoraat Frysk by it mbû. It Frysk op it mbû wie oant no ta 'in tydlik projekt' op kosten fan de provinsje.
Fryske sjoernalistyk
In nije minor Frysktalige sjoernalistyk by hegeskoalle NHL Stenden moat derfoar soargje dat Omrop Fryslân, de Leeuwarder Courant, en ek oare media yn Fryslân, makliker oan sjoernalisten komme kinne dy't goed yn it Frysk wurkje kinne.
Ryk en Provinsje hawwe fierder ek ôfpraat dat de kommende tsien jier 560.000 euro yn it jier beskikber is foar de nije universitêre bachelorstúdzje Frysk fan de Ryksuniversiteit Grins. Dy stúdzje komt yn it plak fan de bredere oplieding 'Minorities & multilingualism', dy't takommend jier ophâldt.
Mear ambysjes en jild foar it Frysk
Kommissaris fan de Kening Arno Brok sei earder oer de ûnderhannelingen mei it Ryk dat de nije Bestjoersôfspraak 'minder braaf' wurde moast en mear rjocht dwaan moatte soe oan de lykweardigens fan it Frysk oan it Nederlânsk.
It hat der yn alle gefallen ta laat dat de nije BFTK mei sa'n hûndert siden twa kear sa tsjok wurden is as de foarige. Ek lûkt it Ryk mear jild út foar it Frysk: mei-inoar sa'n 18 miljoen euro.
Brûken fan it Frysk fersterkje
Taaldeputearre Eke Folkerts is wiis mei de nije Bestjoersôfspraak. "Mei dizze ôfspraken kinne wy it brûken fan it Frysk fierder fersterkje. Net allinnich thús of yn kontakt mei oerheidsynstânsjes, mar ek online en yn alle foarmen fan kultuer."
Alle gemeenten fan it Frysktalige part fan Fryslân krije in meartalichheidskoördinator om it Frysk yn de eigen gemeente te befoarderjen. Taalorganisaasje Afûk krijt in miljoen fan it Ryk foar kursussen en de promoasje fan de taal.
Gjin oplossing Fryske tolken
Ryk en provinsje koene it net oer alle striidpunten iens wurde. It Ryk wol it Fryske argyf Tresoar noch hieltyd ôfstjitte, lykas alle oare regionale argiven. As datum hjirfoar wurdt 1 jannewaris 2026 neamd. Oer de finansiering fan de taken dy't Tresoar útfiert foar de Fryske taal en kultuer, sil oant dy datum fierder praat wurde.
De rjochtbank sil by it tawizen fan rjochtsaken oan rjochters tenei struktureel rekken hâlde mei de taal dy't de prosesdielnimmers prate, sa stiet yn it Bestjoersakkoart. Dat soe foarkomme moatte dat it al te faak bart dat Friezen net har eigen taal brûke kinne by rjochtbank of gerjochtshôf.
In oplossing foar it skeel mei de trije offisjele rjochtbanktolken Frysk stiet lykwols net it Bestjoersakkoart.
Fertraging
Ryk en provinsje wiene earder fan doel om al ferline jier in nije Bestjoersôfspraak te sluten, mar der ûntstie fertraging, ûnder oare troch de ministerswiksel. De Jonge naam it stokje oer fan Hanke Bruins Slot.
De Twadde Keamer trune de nije minister ferskate kearen oan ta aksje en kaam ek mei in searje moasjes foar it fersterkjen fan de posysje fan it Frysk. Yn it nije Bestjoersôfspraak binne ferskate fan dy moasjes ferwurke.