Mei diskriminaasje fan it Frysk aanst net mear? Minister De Jonge makket der wurk fan

Minister Hugo de Jonge
Minister Hugo de Jonge © ANP
Diskriminaasje op grûn fan taal mei net. Dat fynt demisjonêr minister fan Ynlânske Saken Hugo de Jonge. Yn in brief oan de Keamer, stelt er - yn it Frysk - foar om 'taal' yn de Algemiene Wet Gelikense Behanneling op te nimmen.
De wet soe as gefolch ha kinne dat Friezen tenei faker en better yn de gelegenheid binne har eigen taal te praten. Mochten se dêr troch in organisaasje, ynstânsje of oare partij yn tsjinholden wurde, dan kin dy Algemiene Wet Gelikense Behanneling (AWGB) harren hâldfêst biede.

'Ras' net werkenber

Friezen meitsje op it stuit net in soad gebrûk fan de wet gelikense behanneling, omdat se harren net werkenne yn de diskriminaasjegrûnslach ras. Diskriminaasje op grûn fan taal is in omskriuwing dy't Friezen mear oansprekke sil.
Koartlyn hie Fedde Dykstra út Ljouwert bygelyks in akkefytsje mei de ING-bank. Dy woe him ferbiede om Frysk te praten tsjin in Frysktalige bankmeiwurkster. As taal no as diskriminaasjegrûnslach yn de wet komt te stean, wurdt it makliker foar Friezen om protest oan te tekenjen tsjin sokke praktiken.
fryske flagge stock friese vlag fryslân
Fryske flagge © Shutterstock
It Frysktalige brief fan minister De Jonge is ek yn it Nederlânsk te lêzen. Hy sketst dêryn it kaderferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden dat opsteld is troch de Ried fan Europa.

Artikel 1

Dy wet gelikense behanneling is in ferlinge fan Artikel 1 fan de grûnwet, dat op dit stuit diskriminaasje op grûn fan ûnder oare ras, godstsjint, aard en geslacht ferbiedt.
It kritearium 'ras' jout ûndúdlikens, neffens de Ried fan Europa en it Kolleezje foar de Rjochten fan de Minske. Sy pleitsje foar it fêstlizzen fan oare diskriminaasjegrûnen as hûdskleur, komôf en taal.
De Jonge sjocht dêr wol wat yn en wol no - as earste stap - in ûndersyk útfiere litte nei de mooglikheid om de wet út te wreidzjen mei nije diskriminaasjegrûnen lykas taal.

Better Frysk op it mbû

It brief fan minister De Jonge oer it neilibjen fan twa ynternasjonale ferdraggen behannelet ek oare tema's. De Jonge skriuwt ek dat er it Frysk yn it middelber beropsûnderwiis better fasilitearje wol.
De tafels sitte fol yn it atrium fan Firda Ljouwert
It atrium fan Firda Ljouwert © Omrop Fryslân, Darshan Boerema
De Twadde Keamer hat ferline wike jild útlutsen foar in praktoraat Frysk by mbû-skoalle Firda, dy't dat yn goeie banen liede moat. It giet dan om Frysk yn de beropskontekst en om Fryske taalfeardigens.

'Frysk like wichtich as oare fakken'

Foar it Frysk yn it basis- en fuortset ûnderwiis is mei yngong fan dit kalinderjier struktureel 1,4 miljoen beskikber om derfoar te soargjen dat der genôch dosinten binne om Frysk te jaan, neffens de nije kearndoelen dy't ferline wike presintearre binne op it Provinsjehûs. De minister heakket deroan ta dat it Frysk foar de ûnderwiisynspeksje like wichtich is as oare fakken.
Skoallen dy't net foldogge oan de wetlike easken kinne in saneamde reparaasje-oarder fan de ynspeksje krije. De ynspeksje sil takom jier in 'tematysk ûndersyk' útfiere nei it Frysk.
Ien en oar wurdt allegearre fêstlein yn de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) dy't minister De Jonge op koarte termyn hopet te ûndertekenjen mei deputearre Eke Folkerts.