Omrop Fryslân

Hjir kinst no allegear fan genietsje by in moaie hjerstkuier: "Je waant je in een sprookje"

In miggeswam yn Lúnbert
© Pity Zwerver
Wa't no de bosk yn stapt, wurdt beleanne mei prachtige hjersttafrielen. Poddestuollen sjitte út'e grûn en blêden pronkje mei in fraai kleurepalet. En dus seit boskwachter Paula Swinkels: "Stop je mobiel in de rugzak, en kijk eens écht om je heen."
Rein, legere temperatueren en it geraas fan stoarm Amy. Der is gjin ûntkennen mear oan: it is no echt hjerst. Dat betsjut dat de paraplu steefêst paraat stiet, mar ek dat de natuer spektakulêr fan stal feroaret.

Skat oan poddestuollen

En wat is der dan moaier as in boskkuier? Paula Swinkels is boskwachter fan Steatsboskbehear yn Súdeast Fryslân. Se wit as gjin oar wat de natuer yn petto hat.
Symboal fan de hjerst is miskien wol de poddestoel. Dy sjit wer massaal út 'e wiete grûn. Eekhoorntjesbrood, kantarellen en oesterswammen binne miskien wol de bekendste. "En natuurlijk de vliegenzwam", seit Swinkels. "Inderdaad, rood met witte stippen."
Paula Swinkels, boskwachter by Steatsboskbehear
© Paula Swinkels
De boskwachter jout as tip om ris in spegeltsje mei te nimmen. "Die kun je bij de onderkant van de paddenstoel houden. Op die manier kun je ze eens vanuit een andere hoek bekijken."
Wij kunnen paddenstoelen in de supermarkt halen. Dieren niet.
Paula Swinkels riedt ôf om poddestuollen te plôkjen
Swinkels begrypt dat passanten de skimmels plôkje. Mar se warskôget: "Er zijn zo'n 5.000 soorten. Een groot deel daarvan is giftig. Je moet er dus veel verstand van hebben."
It wyldplôkje wurdt gedoge troch Steatsboskbehear. In sjampinjonbakje fol is tastien. "Toch zou het mooi zijn als mensen ze laten staan. Het is voedsel voor de dieren. Wij kunnen paddenstoelen in de supermarkt halen. Zij niet."

Besite fan trekfûgels

Ek de beammen soargje foar fretten. Sa toant de bûkebeam syn nútsjes, kastanjes rôlje oer de grûn en wa't derom tinkt sjocht it read fan ferskate fruchten.
En dy lûke wer fûgels oan. "Daar kijk ik ieder jaar naar uit. Als de meidoorns volhangen met bessen, weet je dat de trekvogels onderweg zijn. Zij komen vanuit het Noorden. Daar wordt het te koud en dus komen ze naar hier", seit se.
In kuier yn Oranjewâld
© Omrop Fryslân
"Koperwieken, krampvogels en andere herfstvogels vreten hier vervolgens de struiken leeg."
Swinkels genietet fan har wurkplak om dizze tiid hinne. Ien fan har 'kantoaren' is de bosk fan Oranjewâld. "Als je daar over de beukenlaan loopt, met het zonlicht door de bomen, dan waan je je in een sprookje."
Seker no't it gros fan de blêden noch te plak hinget. Oranje, read, giel, grien; de beammen smite alle registers iepen. En as de wyn him in bytsje ynhâldt, kinst hjir oant begjin novimber fan genietsje.
Sinne troch de beammen fan Rûgehuzen
© Josha de Vries
De hjerst is ek de perioade dat bisten itensreserves oanlizze. Omdat dat yn de winter dreech is, slagge sy no harren slach.
Dêrom hast no in gruttere kâns om bygelyks iikhoarntsjes, fûgels en mûskes te sjen. "Zoek ook eens naar spoortjes van muizen. Die laten ze achter op de wandelpaden."
Wa't betiid syn nêst útgiet hat ek kâns om in ree te spotten. Meastentiids yn de greiden mei beamwâlen der omhinne.
In ree yn 'e iere moarn
© Shutterstock
Yn de skimer binne hoe dan ek in soad bisten aktyf. "Ze zijn bang voor ons. Daarom komen ze tevoorschijn als nog bijna niemand z'n hond uitlaat."
Swinkels ropt dêrom op ôfhâldend te wêzen mei betide of lette besites. "Dan is het bos van het bos. Respecteer dat."

Mobyl fuortstoppe

Njonken Oranjewâld hat Fryslân noch in soad oare hjerstparadyskes. "Denk aan De Deelen bij Aldeboarn, het Koepelbos bij Oldeberkoop, en de Parkbossen, daar ook in de buurt. Met een flinke verzameling paddenstoelen."
Mar ek yn lytsere natuergebieten falt genôch te ûntdekken, seit Swinkels. "Stop je telefoon in je rugzak, blijf zo nu en dan stilstaan en kijk eens écht om je heen. Dan blijf je je verbazen over hoe mooi de natuur is."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.