De hjersttips fan Fryske bioskoopmeiwurkers: "Voor elk wat wils de komende tijd”
"Actie, sciencefiction, romantiek, horror en heel veel kinderfilms. Er komt voor ieder wat wils uit de komende tijd", neffens operateur fan Cinesneek Tim Postma.
Hokker films meie wy neffens him en syn kollega's fan oare Fryske bioskopen echt net misse dizze hjerst?
Roel Jetze van Assen (Slieker Film)
'Remakes' binne net it favorite type films fan kommunikaasje- en marketingmeiwuker Roel Jetze van Assen fan Slieker, dochs tipt er in film basearre op in oare film.
"Bugonia is een remake van de Zuid-Koreaanse film 'Save the Green Planet', een bizarre film met een knettergekke montage en uniek verhaal."
Yn de film wurdt de baas fan in grut bedriuw kidnapt troch twa komplottinkers dy't tinke dat sy de wrâld ferneatigje wolle.
Van Assen wit dat regisseur Yorgos Lanthimos eat bysûnders dwaan sil mei it ferhaal: "Een remake moet iets toevoegen, en Lanthimos gooit zijn eigen saus er overheen."
In soad minsken kinne de regisseur kenne fan syn film 'Poor Things', dat wie twa jier ferlyn ien fan de bêst besochte films by Slieker.
Resint hat Van Assen alle films fan Lanthimos opnij besjoen: "Ik kan erg van die man genieten omdat hij gewoon zijn eigen ding doet, zijn films zetten je op het verkeerde been en blijven na afloop in je hoofd malen."
'Bugonia' draait fan 3 oktober ôf.
Jan Paul Beverwijk (Pathé Ljouwert)
Gewoanwei jout teätermanager Jan Paul Beverwijk syn tips strak yn it pak, mar dizze kear net. It is nammentlik syn lêste dei op kantoar, nei 16 jier by Pathé hâldt er op: "Ik heb alles bereikt wat ik wilde bereiken en ga nu op zoek naar iets nieuws."
Tusken it opromjen troch jout er graach noch in lêste kear in tip.
Dêr't syn klean feroare binne, is syn smaak yn films dat net. Hy tipt de sciencefictionfilm 'Tron: Ares' en 'Gabby's poppehuis: De Film', dy lêste om tegearre mei syn dochter te sjen.
De soundtrack maakt of breekt soms een film.
Beverwijk fûn de earste twa dielen út de 'Tron'-filmsearje "fantastisch" en hat ek no wer hege ferwachtingen.
"In de eerste films doken we de computerwereld in en nu komt AI naar de echte wereld. Het is een mooi thema, want AI groeit, met de positieve én negatieve dingen die daarbij horen."
Hy is tige benijd nei de soundtrack fan Nine Inch Nails, mar sil dy net yn it foar beharkje.
"Ik wil de nummers horen zoals ze in de film zijn, dan blijft de boodschap beter hangen. De soundtrack maakt of breekt soms een film."
Beverwijk sil ek nei syn fuortgean noch faak yn 'e bioskoop te finen wêze, en yn it gefal fan 'Gabby's poppehûs' dus tegearre mei syn dochter: "Die vindt dat helemaal fantastisch."
'Tron: Ares' en 'Gabby's poppenhuis: De Film' draaie beide fan 8 oktober ôf.
Wendy Lampers (De Bios Drachten)
Floor manager Wendy Lampers fan De Bios Drachten tipt in film fan eigen boaiem. "De herfst vraagt om gezelligheid en een flinke dosis 'feelgood' en dat is wat regisseur Johan Nijenhuis deze herfst brengt met 'Onze Jongens 3'."
De film spilet him in skoft nei it ferhaal fan de foarige film ôf. It boubedriuw 'Onze Jongens' die earst oan stripacts mar docht no wer gewoane bouputsjes, oant in wurknimmer it opfallende ferline fan it bedriuw ûntdekt.
Hy begjint mei syn kollega's in nije stripshow.
Wêrom't dizze film neffens Lampers sa geskikt is foar de hjerst? "Humor, vriendschap en natuurlijk een flinke portie zwoele momenten. De perfecte film om deze herfst warm, swingend en met een grote glimlach door te komen."
'Onze Jongens 3' draait fan 16 oktober ôf.
Aliëtte Miedema & Myrthe Lindner (De Lawei)
Filmprogrammeurs Aliëtte Miedema en Myrthe Lindner fan De Lawei yn Drachten jouwe twa tips.
'Downton Abbey: The Grand Finale' is harren earste tip. "Een filmvoor iedereen die van Britse klasse, ingetogen drama en historische pracht houdt."
"De wereld verandert en de bewoners van Downton Abbey moeten meebewegen met de tijd, wat zorgt voor mooie, ontroerende en soms geestige momenten", fertelt Lindner.
Wa't echt yn styl genietsje wol, kin foarôf in spesjaal diner boeke. "We serveren een klassiek driegangendiner aan stijlvol gedekte tafels, geserveerd door butlers à la mister Carson. Echt een complete avond uit."
Harren twadde tip is in fertoaning fan trije koarte films fan noardlike makkers ûnder de namme 'Wat een Fries maakt.'
Miedema omskriuwt it programma as: "Een ode aan de Friese identiteit in al haar vormen. De makers laten elk op hun eigen manier zien wat het betekent om Fries te zijn of definiëren dat juist opnieuw."
Fan it poëtyske en filosofyske 'Kriich' fan Johanneke Dijkstra; it persoanlike en ûndersykjende 'Djipfrysk' fan Sibrich Wijnia; oant it ynkringende doarpsportret 'Doarp' fan Henk Penninga: mei-inoar foarmje de trije films in byld fan it ferline, hjoed en de takomst fan Fryslân.
'Downton Abbey: The Grand Finale' is al te besjen, 'Wat een Fries maakt' is 18 en 19 oktober te besjen yn De Lawei.
Tim Postma (CineSneek)
De kommende tiid sitte neffens Postma foaral bern goed yn de bioskoop mei twa Sinteklaasfilms, in 'Dora'-film en allegear animaasjefilms mei bisten ('Zootropolis 2', 'Hopper 2: het geheim van Marmot' en 'Grand Prix of Europe').
Mar hy is it iens mei Beverwijk en sjocht út nei 'Tron: Ares': "Dit vervolg heeft 15 jaar op zich laten wachten, dus veel mensen zullen hier naar benieuwd zijn."
Hoewol't 'Ares' it tredde part is, ferwachtet Postma dat ek minsken dy't de eardere dielen net sjoen hawwe fan de nije film genietsje kinne.
Benammen de bylden fan de film sprekke him oan: "Die zien er fantastisch uit, het is een mix tussen 'Star Wars' en 'Transformers'."