Hurde wyn en pittige buien op komst: "Los guod efkes goed fêstsette"
Wy kinne ús mar klearhâlde foar hjerstwaar. De wyn sil fan it wykein bot oanlûke en der steane ek pittige buien op it menu.
Dat foarseit waarman Jan Jonkman. "We moatte derom tinke dat we it losse guod efkes fêstsette hjoed, oars kin dat moarn fuortwaaie."
Dat it waar sa omslacht hat te krijen mei eks-orkaan Humberto, leit er út. "Om it yngewikkelder te meitsjen, dy hawwe wy hjir Amy neamd."
Hjerstwaar op komst
"De súdsúdeastewyn is no noch matich, mar lûkt fan 'e middei oan nei krêftich. Mei útstjitters al yn krêft 6. En jûn en fannacht dan is it kompleet hjerst."
Fannacht lûkt in aktyf reingebiet oer ús provinsje hinne, dêr't aardich we aardich wat delslach fan ferwachtsje kinne. Ek de hurde wyn stekt dan de kop op.
Moarnier kin it noch in skoftke stevich trochreine. "Dy krêftige wyn is dan al oanwêzich, dy is in 5 oant 6 mei útsjitters yn 7. Yn it kust- en waadgebiet sels 8."
Koade giel
It KNMI hat foar moarn oerdeis koade giel ôfjûn foar Fryslân. De warskôging jildt ek foar it waadgebiet. De waartsjinst wit noch net hoe fier oft de hurde wyn de provinsje yn komme sil.
Yn it twadde part fan 'e moarn giet de wyn dan om fan it suden nei westsúdwesten, foarseit de waarman. "Dan nimt de wyn efkes ôf, mar dan yn 'e middei lûkt de wyn alwer oan."
By in ôfwikseling fan wolken en út en troch sinne binne sneontemiddei ek geregeld pittige buien mooglik. "Dan stiet der wer in krêftige oant stoarmeftige wyn mei útsjitters yn 7 en 8 yn it kustgebiet."
Snein bedarret it allegear wer wat. "Dan ha we in wyn dy't justjes ôfsakke is, noch wol mei útsjitters yn heechút 7. Dan ek wer geregeld buien en út en troch nochris romte foar de sinne."