Fera makket sels oalje en sjippe mei froulju yn Malawy: "Ik bin hjir net om te preekjen"
In hiele mienskip feroarje slagget net, mar kinst wol wat losmeitsje. Derfoar soargje dat minsken harren eigen jild fertsjinje kinne, seit Fera Agricola (59) út Boalsert.
De Friezinne wennet en wurket op in misjepost yn it Afrikaanske lân Malawy.
Se hat goed kontakt mei de froulju dy't se helpt. "Ik bin altyd by harren en help sels ek mei."
De wide wrâld yn
Fiere lannen hawwe Fera altyd lutsen. Sûnt 1994 wennet en wurket se yn it bûtenlân. Nei de suvelskoalle yn Boalsert en har master yn Wageningen reizge se nei Suriname om dêr te wurkjen.
Dêrnei folgen ûnder oare Kosovo, Uganda, Yndonezië, Mozambyk en no alwer 8,5 jier Malawy. Mikrofinansiering en libbensmiddeletechnology binne har fakgebieten.
Nee, it reizgjen sit net yn 'e famylje. "Ik haw noch in neef yn Kanada, mar fierder wenje se allegearre yn Fryslân."
No dus Malawy. Se wurket as katolyk misjonêr wurker op in misjepost yn Mua, yn it distrikt Dedza.
Dêr hat se in projekt opset om froulju oan wurk en ynkommen te helpen.
Ik bin hjir net om te preekjen. Ik wol graach minsken helpe.
Har driuwfear is it leauwen.
"Ik bin hjir net om te preekjen. Ik wol graach minsken helpe, dy't net de kânsen hawwe dy't wy yn Nederlân en yn Europa wol hawwe. Ik wol graach myn kennis mei harren diele."
Sa leare de froulju om fan siedsjes en planten bakoalje, drinksoppen en jam te meitsjen. Mar ek sjippe, dy't se dan wer brûke kinne foar de ôfwask, foar it dûsen of om klean mei te waskjen.
It saaklike en finansjele is ek wichtich. Hoe fertsjinje ik jild? Hoe wurd ik in ûndernimmer? Hoe meitsje ik in businessplan?
Agricola wiist de froulju ek op dat mêd it paad mei har foarljochtings.
Malawy is in earm lân. Fan ein desimer oant maart is der hast gjin iten. In grut part fan it lân is toar en drûch om't dêr gjin yrrigaasje is. Sadwaande kinne de ynwenners mar ien kear yn it jier rispje, en dat is net genôch.
Analfabetisme
Fierders is de posysje fan 'e frou net bêst yn it lân. Rûchwei fiif op 'e tsien froulju kinne net lêze en skriuwe. De oaren hawwe miskien in pear jier legere skoalle hân, mar mear ek net. Dêrom rjochtet Agricola har op froulju.
"Sy moatte holpen wurde om foarút te kommen."
Oardel jier lyn begûn se en no hat se tsien groepen fan elk tweintich froulju.
Ferskate groepen komme nei it sintrum om wat te learen. Se komme mei de siedsjes fan eigen sinneblommen by Fera en dan meitsje se dêr oalje fan.
"In oare groep is yn it fjild mais oan it plantsjen op yrrigearre stikken. Dat is harren basisiten. Sa't wy ierappels hawwe, hawwe sy mais."
"Ik haw ek noch in groep dy't geiten hâlde sil. En wer in oarenien dy't sjippe meitsje sil om jild mei te fertsjinjen. It rint goed en ik bin der hiel bliid mei."
Fera hat al yn hiel wat lannen west. Malawy hat foar- en neidielen, fynt se.
"Der is mear romte om dingen te dwaan, mar de temperatueren binne my hjir in bytsje te heech."
Bisto in Fries yn it bûtenlân? Of kensto ien?
Wy wolle graach dyn ferhaal hearre. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge fynst mear ynformaasje. Kinst ek maile nei goeiemiddei@omropfryslan.nl.
Leaver de belibbenissen ferteld troch de Friezen om utens sels hearre? Harkje dan tiisdeitemiddeis om sawat 15.10 oere nei it radioprogramma Goeiemiddei.
Harren ferhalen kinst op de sneins dêrnei neilêze op de webside en de app fan Omrop Fryslân.
Se wit net oft se definityf werom wol of kin.
"Ik bliuw hjir op syn minst noch twa jier. En dan sjoch ik dêrnei wol fierder. Miskien noch in projekt of consultancy's yn it bûtenlân. De foarsjennings binne wol folle better yn Nederlân."
Ein febrewaris of yn maart komt se efkes werom nei Fryslân. Har mem wennet yn wensoarchsintrum Huylckenstein yn Boalsert en dêr wol se fansels graach efkes del.