Omrop Fryslân

Harnzer keatsklup libbet wer, mar fiert it jubileum net: "Earst dit jier trochkomme"

KV Eendracht
© Omroep Zilt, Arodi Buitenwerf
De Harnzer keatsferiening Eendracht bestiet dit jier 125 jier, mar noch mar krekt lyn like it derop dat Eendracht dat jubileum net helje soe as aktive feriening.
De feriening organisearret de jierlikse Hotze Schuilpartij dy't sneon keatst is, it partoer Menno van Zwieten, Rick Minnesma en Tjisse Steenstra gie der dit jier yn Harns mei de winst fantroch.
It stie der min foar mei de romrofte keatsklup út de havenstêd. De klup hie hast gjin bestjoersleden mear.
Der waard op 14 novimber 2024 oan de needklok lutsen.

Spannende gearkomste

De leden wienen oproppen om in ledegearkomste by te wenjen. No is in ledegearkomste foar in keatsklup neat bysûnders, mar dizze wie dat wol.
Sa wie op de útnûging te lêzen: "De reden voor deze ledenvergadering is een belangrijke kwestie. Er zal gesproken worden over het voorstel om een buitengewone ledenvergadering uit te schrijven, met als doel de vereniging op te heffen of als slapende vereniging door te gaan."
De ynspanning foar it finen fan nije bestjoersleden hie neat opsmiten, wie it ferhaal.

Grutte opkomst

De kantine fan de keatsklup siet grôtfol dy tongersdei, de 14e novimber.
De ûnôfhinklike Ludwig Seerden, út Frjentsjer nota bene, siet de gearkomste foar.
Seerden hat jierren foarsitter west fan de Frjentsjerter keatsklup Jan Bogtstra, mar is yn Harns ek hiel bekend omdat hy ponghâlder is fan it Komitee Lanenkaatsen.
Ald-foarsitter Ludwig Seerden fan keatsferiening Jan Bogtstra yn Frjentsjer
© Omrop Fryslân
In betûft bestjoerder dus, dy't net om de hite brij hinne draaide op de gearkomste.
Seerden sketste in soarchlik byld, mar spruts ek wurden fan hoop. Hoop dat it net safier hoefde te kommen om Eendracht op te heffen.

Goeie hoop

It die al rap bliken dat der wol posityf tocht waard oer it yn de loft hâlden fan Eendracht.
De Sachte Bal-kommisje fan de klup (goed beset mei aktive bestjoersleden) spruts út him wol ynsette te wollen foar de klup. En yn de kantine wie ek in oantal minsken dy't wol wat seach yn in bestjoerssit fan Eendracht.
De gearkomste waard besletten mei goede hoop op nije bestjoersleden.

Opfolger Johan Okkinga stiet klear

Ludwig Seerden pakte troch. Frij rap nei de gearkomste siet er om de tafel mei minsken dy't belangstelling hienen foar in bestjoersfunksje.
De organisaasje krige stal en op de maitiidsgearkomste koe Seerden foar it lêst aktearje as foarsitter.
It lêste punt op de wurklist fan dy gearkomste wie de oerdracht fan de foarsittershammer oan de nije foarsitter fan Eendracht, Johan Okkinga.
De kantine fan Eendracht siet fol
© Omrop Fryslân, Geert van Tuinen
Okkinga is bekend as âld topkeatser en yntusken al wer in pear jier ynwenner fan Harns. Op 4 maart waard it nije Eendracht bestjoer beneamd.
Opheffing, of as sliepende feriening fierder, wie fan tafel.
Eendracht koe fierder.

Stapke foar stapke foarút

De nije foarsitter is der yntusken achter kaam dat der hiel wat barre moat yn de Harnzer keatsmienskip.
"It moat fan fier komme", seit Okkinga.
"Mar we geane stapke foar stapke fierder. De akkommodaasje moatte we op peil sjen te krijen, mar dat jildt ek wis foar de begrutting. We kinne wol fan alles útfine, mar it moat ek betelle wurde."
Okkinga neamt yn dit ferbân de frij hege kosten dy't de ferplicht te organsearjen KNKB-wedstriden mei him meibringe. Dochs komt der al wat line yn de organisaasje.
Dat kinne wy der no even net by ha.
Johan Okkinga oer in eventuele jubileumfiering
Der is ûnder oaren in kantinekommisje, in fjildkommisje en in jeugdkommisje. Yn dy lêste kommisje is Okkinga ek sels aktyf.
"Ik doch de training foar de jongerein. Tegearre mei (ek al âld-topkeatser, red.) Arie den Breejen. Arie sit ek yn it nije bestjoer. Wy moatte ús rjochtsje op de lytse bern, dêr moatte wy it yn de takomst fan hawwe, mar we moatte wol fiif jier geduld hawwe foardat we wer meidogge", seit de foarsitter.

Jubileum wurdt dit jier net fierd

Keatsferiening Eendracht is yn 1900 oprjochte en bestiet dit jier dus 125 jier.
Foar in soad ferieningen reden foar jubileumaktiviteiten, mar foar Eendracht dit jier noch efkes net seit Okkinga.
"Dat kinne we der no efkes net by hawwe."
In bûnswedstriid fan de Harnzer keatsferiening Eendracht yn 1916
© Keatsmuseum
De tradisjonele Hotze Schuilpartij, dy't snein wer keatst is, moast wer it nedige elan útstriele.
Yntree wie fergees en foar foodtrucks, livemuzyk fan Sipke de Boer en aktiviteiten foar bern wie soarge.
It klinkt wat plat, mar wy hoopje dat der dan ek wat konsumearre is, want dat binne moaie ynkomsten foar de feriening.
Johan Okkinga
Okkinga: "Wy hoopje dat dat in soad Harnzers oanlutsen hat. Ek foar de gesellichheid."
"It klinkt wat plat, mar wy hoopje dat der dan ek wat konsumearre is, want dat binne moaie ynkomsten foar de feriening."
It kluphûs fan KV Eendracht
© Omroep Zilt, Arodi Buitenwerf
"En foar takom jier moatte we mar sjen. Ik haw yn prinsipe Het Hannemahuis reservearre foar in moaie útstalling en we tinke ek oan in keatswykein, mar earst dit jier mar trochkomme."
Nij elan en foarsichtich optimisme dus, by keatsferiening Eendracht. De ouwe seunen wolle wer meidwaan. Mar it is in bealch fol wurk.
Okkinga: "Lit ik it sa sizze: nettsjinsteande alles giet it allegear prima."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.