"De tijden veranderen": mei dizze pioniers begûn it frouljuskeatsen yn 1915
De belangstelling wie oerweldigjend. Mear as 2.000 taskôgers wiene yn Harns tsjûge fan in bysûnder momint: de earste offisjele demonstraasjewedstriid dêr't froulju by op it keatsfjild stiene.
Al waaide it net bot, út it súdwestein wei kaam dochs genôch wyn om de Nederlânske flaggen njonken it keatsfjild wapperje te litten.
Yn tsjinstelling ta de dei derfoar wie snein 26 septimber 1915 in noflike sinneskyndei.
Earste wedstriid foar froulju
Dat 'bijzonder fraaie weder' makke de 'Groote Athletiekwedstrijden' yn Harns ta in sukses, stie in dei letter yn de Leeuwarder Courant. Hoewol't it terrein der net hielendal geskikt foar wie, hie it 'toch zoo bijzonder gezellig' west.
Op dizze atletykdei wie foar de alderearste kear in offisjele keatswedstriid foar froulju.
De keatssport bestie al iuwen, mar de organisearre wedstriden hiene oant dat momint ta allinne foar manlju west.
Froulju oan it keatsen? Dêr waard skande fan sprutsen.
"It wie echt in manljusbolwurk", seit Jan Suierveld, in bekend gesicht yn de keatswrâld. Hy is ek ferbûn oan it Keatsmuseum yn Frjentsjer. "Froulju oan it keatsen? Dêr waard skande fan sprutsen, dat wie lyk as mei it hurdriden."
De Harnzer atletykdei wie in earste stap om dêr feroaring yn te bringen.
Alle wedstriden fûnen plak yn de iepen loft. Der wiene linten oer it gers hinne lutsen om in keatsfjild ôf te beakenjen.
De minsken hiene troch dat it in bysûnder momint wie. Dat docht wol bliken út it feit dat der spesjaal in foto makke waard mei in tal pommeranten: foarsitter Willem Westra fan de Nederlandsche Kaatsbond (NKB), inisjatyfnimmer Pim Mulier, NKB-bestjoerslid Monze Werkhoven en boargemaster Jan Piccardt fan Wûnseradiel.
In seistal famkes fan tusken de 14 en de 19 jier wie ree om it keatsen te demonstrearjen. It earste partoer waard foarme troch trije famkes fan Wytmarsum: Koosje Boersma, Itske Bangma en Geertje Weiland.
Harren tsjinstanners kamen út ferskate doarpen wei. Dat wiene Ina Schurer fan Winaam, Renske de Zee fan Frjentsjer en Eke Blanksma fan Achlum.
"It keatsbûn hat eins út eigen netwurk in tal jonge fammen byinoar socht", wit Suierveld. "Renske de Zee wie bygelyks in dochter fan Dirk de Zee, ien fan de leden fan it haadbestjoer fan it keatsbûn."
"Enorm was de belangstelling"
Sa fanselssprekkend as it frouljuskeatsen no is, sa bysûnder wie it 109 jier lyn. De demonstraasje luts dan ek gâns besjoch.
"Enorm was de belangstelling voor dit nummer van het in grooten getale opgekomen publiek", skreau de Leeuwarder Courant. Dat foel de Nieuwe Harlinger Courant ek op: "Het aantal bezoekers steeg boven de 2000."
It partoer fan Schurer, De Zee en Blanksma wûn de wedstriid. Lytse kanttekening wie wol dat it oare partoer mar fiif kear oefene hie.
Mei de hjoeddeiske notearring soe de útslach fan de wedstriid 5-1 6-6 wêze, mar yn dy tiid waarden de útslaggen oars opskreaun:
De famkes fan it winnende partoer krigen fersulvere brosjes. "Aangeboden door de echtgenoote van den commissaris der Koningin in Friesland."
It gie om de doe 37-jierrige barones Clara Feyona van Harinxma thoe Slooten (1878-1929) út Ljouwert. Ek in frou dy't de prizen beskikber stelde dus.
"Mooglik hawwe se de frou fan de kommissaris frege, just om't it in frouljuswedstriid wie", suggerearet Suierveld. "Al wie it wol gebrûklik om in berop te dwaan op sokke foaroansteande minsken."
De ferliezers fan de wedstriid krigen ek in priis, mar dy waard oanbean troch Pim Mulier (1865-1954). Hy wie de inisjatyfnimmer fan de keatsdemonstraasje.
Op oantrúnjen fan Mulier
"Pim Mulier wie ien fan dé sportpromotors fan Nederlân", fertelt Suierveld. Hy wenne bûten de provinsje, mar kaam oarspronklik út Wytmarsum. "Hy hat altyd goede kontakten holden mei Fryslân."
Op inisjatyf fan Mulier kaam der in fuotbal- en in atletykbûn, mar hy spile ek in rol by it oprjochtsjen fan it Nederlandsch Olympisch Comité en soarge der yn 1909 foar dat de Alvestêdetocht in echte organisearre wedstriid waard.
Mulier wie in sportman yn ieren en sinen. En hy sette him ek yn foar de frouljussport.
In jier earder hie Mulier de brosjuere Op nieuwe banen útbrocht. Dêr rôp hy it bûn yn op om it keatsen ek te organisearjen foar froulju, "de slanke dochteren van het Friesche volk."
Hy skreau: "Zoo zullen naast de kaatsvereenigingen ook vrouwenkaatsclubs ontstaan of de kaatsvereenigingen zullen een afdeeling voor vrouwenkaatsters oprichten. Ik behoef U niet te zeggen, dat men daardoor ook een nuttig maatschappelijk werk zal nastreven."
En sa fûn hy: "Waar beiden aan het spel zullen deelnemen, zal dit den omgang verbeteren en den beschaafden toon ten goede komen."
Keatsers oan de atletyk krije
It doel fan de 'Groote Athletiekwedstrijden' yn Harns wie it propagearjen fan de atletyk yn Fryslân. Dêrneist moast it oantoane dat de keatssport op in heger nivo tild wurde koe troch atletyk.
Oan 'e foarjûn fan de atletykwedstriden joech Mulier dêrom in lêzing: 'De lichamelijke voorbereiding tot het kaatsen.'
It idee wie dat in soad keatsers iensidich op it keatsseizoen rjochte wiene, mar fierder net in soad diene oan lichaamlike ûntwikkeling. Dêrom soe atletyk in goede kombinaasje mei it keatsen wêze.
Mar ek al hold Mulier in fûleindich ferhaal, de belangstelling wie neffens de kranten 'zeer gering'.
Hoewol't de foarjûn mislearre, wiene de wedstriden in grut sukses. It wie in 'onvergelijkelijk schouwspel', fûn de Leeuwarder Courant.
Der stiene allerhanne ûnderdielen op it programma: fan spearsmiten oant fierljeppen, fan hurdrinnen oant heechspringen.
It publyk folge de ferskate kampen ta de ein ta, mar de belangstelling wie miskien wol it grutst foar it ûnderdiel 'meisjeskaatsen'.
Efterstân by froulju ynhelje
Nei de keatspartij en de oerwinning fan it partoer fan Schurer naam Willem Westra (1862-1923) it wurd. Hy wie foarsitter fan de Nederlandsche Kaatsbond, it bûn dat hy 18 jier earder sels oprjochte hie.
Westra fertelde dat hy yn ferliking mei it bûtenlân in efterstân opmurk yn de 'lichamelijke opvoeding van het vrouwelijk geslacht'. Dy efterstân soe ta it ferline hearre moatte, fûn Westra.
De demonstraasje wie in goede set, wie de miening. "De tijden veranderen", skreau de Nieuwe Harlinger Courant.
"De opslag was goed en zoo kan worden geconcludeerd, dat beoefening van de kaatssport door de vrouw mogelijk is."
Mar al hoe entûsjast it publyk, de kranten en Mulier ek wiene, it frouljuskeatsen kaam noch net fan 'e grûn.
It wie benammen it keatsbûn dat noch lang net oerstaach wie. Efter de skerms groeide it frouljuskeatsen wol, foaral yn Jorwert. Nei de oarloch folgen op 'e nij meardere demonstraasjewedstriden.
"Mar Lieuwe Pietersen, in learaar lichaamlike opfieding oan de HBS yn Ljouwert, skreau yn 1956 in boekje oer it keatsen. Hy sei dat it keatsen net geskikt wie foar froulju. Punt", seit Suierveld. "Dat hat foar it doetiidske haadbestjoer ek in reden west om der neat oan te dwaan."
It duorre noch 60 jier
O sa spitich, fynt Suierveld. "Mar it soarre fansels wol troch, op alderhande plakken waard al keatst troch froulju."
De emansipaasje sette troch. Uteinlik waard it frouljuskeatsen yn 1974 in aparte kategory by it keatsbûn KNKB.
"It hat dêrmei noch 60 jier duorre foar't it echt los gie", fersuchtet ek Suierveld. "Doe wie men ree om serieuze wedstriden te organisearjen. Doe wie de tiid der ryp foar."
En dochs - al krige it net fuortendaalks in ferfolch - waard de earste stap foar it frouljuskeatsen yn 1915 yn Harns set. "Echt wat bysûnders", beslút Suierveld.