Omrop Fryslân

Hat Harns aanst noch wol in keatsferiening? "De jubelstemming is ver te zoeken"

K.V. Eendracht
© Omroep Zilt, Arodi Buitenwerf
It is hast net foar te stellen: de stêd fan keatsleginde Hotze Schuil sûnder keatsferiening. Dochs is dat senario no net ûntinkber. Tongersdei wurdt op in ledegearkomste besletten oft K.V. Eendracht bestean bliuwt of net.
Takom jier bestiet de feriening 125 jier, mar it is mar de fraach oft dat jubileum helle wurdt. It probleem sit him net yn it tal leden: mei 170 binne dat der genôch. Mar oan bestjoersleden is der in tekoart.

Wol yn de kantine, net yn it bestjoer

"Er zijn veel mensen die zeggen: wij willen wel helpen bij het leggen van een lijntje of even in de kantine staan", fertelt bestjoerslid Stefan Quisenaerts. "Allemaal hartstikke mooi, maar voor de taken van het bestuur zijn geen mensen ingestapt."
K.V. Eendracht
© Omroep Zilt, Arodi Buitenwerf
En no't de âlde bestjoersleden no ek noch ophâlde, stiet de takomst fan de feriening op it spul. "Mensen in het bestuur geven aan dat het tijd is voor de volgende generatie om het op zich te nemen, die doen het al flink wat jaren."
Quisenaerts woe sels earst noch wol trochgean. "Maar de gezondheid van mijn zoontje laat dit helaas niet toe."
Sa rjochting harren jubileum is de feriening dus noch net ta oan in feestje. "De jubelstemming is ver te zoeken" sa seit Quisenaerts.
As der gjin nije bestjoersleden komme, wurdt de feriening opheft. In oare opsje is dat Eendracht 'sliepend' bestean bliuwt. As der dan bygelyks takom jier ynienen minsken binne dy't wolle, kin de boel dan wer opstart wurde.
Quisenaerts hopet dat it safier net te kommen hoecht. "Als kaatsstad Harlingen moet je natuurlijk wel een kaatsvereniging in leven houden. Het zou in- en intriest zijn als we de vereniging in slaap zouden moeten brengen."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.