Fan boatsje farre oant de barbekjû: waarm juny lokke Friezen nei bûten ta
July begjint hjit en mei in soad sinne. En ek yn juny wie de loft faak strakblau. Tagelyk krigen de gewaaksen lang om let wer ris wat reinwetter. Oftewol: de measte Friezen sille genoaten hawwe fan dizze meteorologyske moanne.
Fan boatsjefarre oant barbecueë. Foar rekreanten wie juny in poerbêste moanne. De sinne fierde de boppetoan en dus wiene minsken de ôfrûne tiid in soad bûten te finen.
"De hoareka hat goed buorke. Boppedat gie de gersrisping as in spear", seit Omrop-waarman Jan Jonkman.
Dêr't it tal sinne-oeren gewoanwei gemiddeld op 220 leit, dêr waard Fryslân dizze moanne bedoarn mei 260.
Dat soarge derfoar dat it de ien nei waarmste juny wie sûnt de mjittingen: 17,9 graden, dêr't it gemiddelde op 16,5 leit. Allinnich de juny fan 2023 wie waarmer. Doe wie it gemiddelde 19 graden.
"We hiene dizze moanne inkelde útsjitters. Op 14 en 15 juny skommele de temperatuer om de 30 graden hinne. En ôfrûne sneon waard it op guon plakken 28 graden."
It hege trochsneed komt trochdat we mei relatyf in soad easterwyn te meitsjen krigen, seit Jonkman. En dus kaam de waarme lucht út Súd-Europa geregeld ús kant út. "En as de wyn omsloech, dan keldere de temperatuer ek fuort mei sa'n 8 graden."
Gewoanwei sjochst faak dat tonger folget nei in waarme perioade. Dy bleau no (sa goed as) út. "It gie stil oer", fertelt Jonkman. "Hoe't dat kin? Tongerbuien moatte iten hawwe, besteande út waarmte en focht. Mar omdat de grûn drûch wie, ûntbruts it elemint focht."
60 milimeter op ien dei
Dan de delslach. Nettsjinsteande de dagen fol sinne foel der mear rein as gewoanwei: 100 milimeter tsjinoer 60 milimeter. Benammen 8 juny is dêr debet oan. Doe waard it meterke folle oant mar leafst 60 milimeter.
Dêrnei wie it wer in langere tiid drûch. Gelokkich wisten de heftige buien rêding te bringen op it lân. "It grûnwetter is wol sakke, mar de gewaaksen krigen genôch wetter en steane der sûn by. De boeren sille hiel tefreden wêze mei de ôfrûne moanne."
"En ek de beammen dogge it goed. Se binne hast allegear folop yn libben", seit er. "De rein kaam dus presys op tiid en yn de goede hoemannichte. Seker om't maaie frij drûch wie."
Fierder waarden wy yn 'e nacht fan 28 juny traktearre op saneamde nachtwolken. In natuerferskynsel dat allinnich te sjen is om de langste dei fan it jier hinne.
De sinne stiet dan yn in bepaalde hoeke neffens de ierde. De wolken besteane ûnder mear út iiskristallen en stofkristallen. "As de sinne dêrop skynt, krije je it effekt fan dûnsjende ljochtwolken", seit er. "Betingst is dat it dan helder waar is."
Fan alle tiden
Tiisdei en woansdei steane ús waarme dagen te wachtsjen fan om de 30 graden hinne. Dat dêr in hjitteplan foar útrôle wurdt, giet Jonkman te fier.
"Dy temperatueren binne hiel normaal. Wy witte hoe't wy dermei omgean moatte. Yn 1923 wiene der dagen fan 35 graden. It is fan alle tiden, allinnich komme de waarme dagen no wat faker foar", seit er.
"Oer it algemien krije we it waarmer fan it kleien oer it waarme waar, as fan de temperatuer sels."