Omrop Fryslân

Tropyske temperatueren op komst: "It moat efkes op gong komme"

Waarman Jan Jonkman ferwachtet tropyske temperatueren
© Omrop Fryslân
"It waar slacht om as in blêd oan 'e beam", seit waarman Jan Jonkman oer de kommende dagen. De ôfrûne dagen wiene benammen bewolke en reinich, mar dêr komt flinke feroaring yn.
De koarte broek kin wer út 'e kast en de jas kin oan 'e kapstôk. Minsken dy't dit wykein in festival op 'e planning hawwe, lykas CityProms of Simmerdeis, kinne rekkenje op moai waar.
"De waarmte komt hieltyd tichter ús kant op", seit Jonkman. "It moat efkes op gong komme. Mar dy waarmte, dy komt deroan."

Hege nachttemperatueren

Sneon krije we noch in ôfwikseling fan wolken en sinne, mar it bliuwt dan al wol drûch. De temperatueren rinne op nei sa'n 22 graden op de Waadeilannen oant 25 graden yn it easten en súdeasten fan 'e provinsje.
Nachts wurde ek hege temperatueren ferwachte: sa'n 15 oant miskien wol 18 graden.
De terrassen sille dit wykein wer folop opsocht wurde
© ANP
"Snein wurdt in rêstige dei", fertelt Jonkman. "Der is dan al geregeld sinne mei út en troch in steapelwolk. It wurdt 21 graden op de Waadeilannen oant wer sa'n 25 graden yn it easten en súdeasten."
Nei it wykein is der folop sinne en komme de 30 graden stadichoan tichterby. "Dan komt de tropyske lucht ús kant op", seit Jonkman. "Der binne dan al temperatueren fan 25 oant 28 graden. Yn 'e nacht hawwe wy in swakke wyn mei sa'n 15, 16 graden mei kâns op in mistbank."

Temperatueren oant 32 graden

Op tiisdei wurde de heechste temperatueren ferwachte. De temperatueren kinne dan oprinne oant 30 graden.
"Yn it easten en súdeasten kin der noch wol in graadsje boppe-op komme. Miskien wurdt it dan wol 31, 32 graden. Der stiet dan amper wyn."
Ek nachts bliuwe de temperatueren heech. "Dan hawwe we ek noch 22, 23 graden."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.