Minder ûngelokken en noflik waar: Fytsalvestêdetocht "perfekt ferrûn"
De organisaasje fan de Fytsalvestêdetocht sjocht werom op in feilige en moaie tocht. Dat binne de wurden fan foarsitter Stephan Rekker.
"It is perfekt ferrûn", seit Rekker. "It begûn moarns by de start, it waar wie gewoan hartstikkene moai. Snein wie it noch sa striemin."
Ungelokjes hast altyd, mei 15.000 fytsers ûntkomst dêr net oan.
Neffens him wiene de dielnimmers "hiel relaxed". "Der is gelokkich relatyf weinich gebeurd."
"Ungelokjes hast altyd, mei 15.000 fytsers ûntkomst dêr net oan", wit Rekker.
Dit jier wiene der wol "relatyf folle minder" ûngelokken as normaal.
"Dus it is gewoan in hiele goede, feilige tocht west."