Besikers Oerol trochstean waarmte en treinstaking: "We zijn met de auto gekomen"
Tûzenen minsken út it hiele lân sette fan freed ôf nei Skylge foar Oerol. De boaten sieten grôtfol, ek al wie der in treinstaking fan de NS.
"Ik ben met de auto gekomen gisteravond en heb lekker een nachtje in Harlingen geslapen. We wilden het risico van de treinstaking niet hebben", sa fertelt Anouk Boogers út Haarlem as se fan de boat komt.
De VVV op Skylge lit witte dat it byld eins wol fergelykber is mei foarich jier wat de oertochten oanbelanget.
Mear last minute besikers troch waar
"Mijn broer heeft me vanuit Utrecht opgepikt en zo zijn we met de auto gegaan", seit in oare Oerolgonger, Farida Hamida út Wormerveer.
Se hat der in soad noch oan. "Ik verwacht mooi weer, gezelligheid, feest, genieten. Ik genoot al op de boot met al die zeehondjes die we hebben gezien."
Mei it waar sit it dit jier wol goed, hiel oars it ferreinde Oerol fan ferline jier. Der wurde dêrom mear Oerolgongers dy't op it lêste momint beslute om te gean, ferwachte.
Oerol is úteinset
Der is in soad omtinken foar jong talint dit jier by Oerol en dan foaral út Fryslân en de rest fan it Noarden wei. "Hier is minder plek voor talentontwikkeling dan bijvoorbeeld in de Randstad", sa fertelt Sabine Pater. Sy is de artistyk lieder fan Oerol.
Mar ek foar de takomst fan Oerol is it wichtich. "De makers moeten worden opgeleid en meters maken op locatie. Dat doe je door te proberen, te experimenteren en kennis te maken met Terschelling en het landschap en van daaruit verder te groeien.
Wat opfalt is dat der in soad foarstellingen binne dy't ynheakje op de ûntwikkelingen yn de wrâld op it stuit.
Sa spilet De Veenfabriek it stik De Clown oer protest yn de foarm fan humor. Of The Price of Bricks oer de priis fan it op 'e nij wer opbouwen nei ferwoasting.
Oerol krige ek de fraach fan ferskate makkers op it festival oft de organisaasje ek wat docht mei de Rode Lijnmanifestaasje yn Den Haag snein. Dêr wurdt dan stilstien by de situaasje yn Gaza.
Oerol hat hjir gehoar oan jûn. Snein is der gelegenheid om earne op Skylge byinoar te kommen en op dizze wize ek de manifestaasje te stypjen.
Omrop Fryslân op Oerol
Omrop Fryslân docht alle dagen ferslach fan Oerol op ynternet, radio en telefyzje. Fan it strjitteäter, jong Frysk talint oant foarstellingen sa as dy fan Nynke Laverman en byldzjende keunst middenyn de natuer fan Skylge. Oerol duorret oant en mei 22 juny.