Omrop Fryslân

Simone Scheffer hat Tocht foar de tritichste en lêste kear foltôge

Simone Scheffer ûntfangt in krâns fan de foarsitter
© Omrop Fryslân, Lennard Geerts
In edysje fan de Fytsalvestêdetocht dy't Simone Scheffer net gau ferjitte sil. Foar de tritichste en lêste kear fytste se de Tocht, om dêrmei jild op te heljen foar it goede doel.
In hiel Omrop-team dat meifytste, in oantal falpartijen en benammen in soad entûsjaste minsken ûnderweis. Simone Scheffer hellet mei in brede laits op it antlit en iepen knibbels de einstreek.
Simone Scheffer hat Tocht foar de tritichste en lêste kear foltôge
Dat die se om tweintich oer njoggenen. Se hie de kollektebus mei en minsken koene har ek digitaal stypje. De opbringst fan yn totaal mear as 7500 euro giet nei in oanhingfyts foar soarchbuorkerij Veldzicht by Parregea.
In grutske Simone Scheffer by de einstreek
© Omrop Fryslân, Lennard Geerts
De soarchbuorkerij biedt deibesteging foar minsken mei fysike of mentale beheinings. In oanhingfyts is dêr tige wolkom, om't de soarchbuorkerij fan doel is om safolle mooglik minsken yn beweging te krijen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.