Liveblog
|
9 juny 2025
'Kening' Tolsma fytste alvestêdetocht al 66 kear, en wol takom jier wer
Folgje hjir de fytsers op harren tocht troch de alve stêden. Wolst appmeldingen fan updates krije? Klik dan op it beltsje hjirboppe.
Lêst bywurke: 9 juny 2025, 21:54
21:54
'Kening' Wiebe Tolsma hat syn 66e Fytsâlvestêdetocht foltôge
It sil in protte minsken opfallen wêze ûnderweis: in fytser yn pak en mei in kroan op 'e helm. En net samar ien. Wiebe Tolsma fytste nammentlik syn 66e Fytsâlvestêdetocht. Krekt foar tsienen kaam er oer de finish yn Boalsert.
Tolsma fytste de tocht foar it earst doe't er fyftjin wie. Sûnt dy tiid hat er mar in pear edysjes mist. "Dit jier binne alle pakesizzers en alle bern mei, dan wol ik it ek goed yn pak dwaan", leit Tolsma út.
En de edysje fan oar jier? Dan sjogge we Tolsma hooplik wer: "As ik sa bliuw as ik no bin."
21:24
Simone Scheffer hat Boalsert helle
Om tweintich oer njoggenen hat ek Simone Scheffer de Tocht útfytst. Sy fytste him hjoed foar de tritichste en lêste kear en die dat foar it goede doel.
Dat doel is in oanhingfyts foar soarchbuorkerij Veldzicht by Parregea. Yntusken hat se al mear as 7500 euro ophelle.
20:33
Biezemwein hellet earste minsken fan 'e dyk en lêste stimpels set yn Aldemardum
De biezemwein fan de organisaasje fan de Fytsâlvestêdetocht hat de earste minsken fan 'e dyk helle.
Sa'n 10 oant 15 minsken binne frijwillich fan 'e dyk helle oant no ta. De ein fan de Tocht komt yntusken hieltyd tichterby. Yn Aldemardum is krekt nei achten de lêste stimpel set.
20:16
Ek Akke (79) hat de Tocht folbrocht
Yn neifolging fan Tecla, hat ek Akke Terbraak-van der Werf (79) de Tocht folbrocht.
Beide froulju hawwe dêrmei in rekôr set. Nea earder folbrocht in frou de Fytsâlvestêdetocht fyftich kear. Dat resultearre út soarte yn in lokwinsk fan foarsitter Stephan Rekker.
20:06
Tecla (69) is ek oer de finish
Tecla Sikkes-Brandsma (69) hat ek de einstreek yn Boalsert berikt.
Tecla is ien fan de twa froulju dy't de Tocht dit jier foar de fyftichste kear ôfleit, in unikum. Krekt foar achten helle se de finish.
19:57
Simone hat al goed 7.500 euro ophelle
Simone Scheffer hat oant no ta al €7552,50 ophellefoar in oanhingwein foar in duofytsfoar soarchbuorkerij Veldzicht by Parregea.
19:47
Stipe foar de fytsers yn Parregea
De fytsers krije yn Parregea stipe fan dizze bern en man, dy't der alles oan dogge om harren it lêste stikje troch te krijen. "Nog een klein stukje", roppe de bern, wylst de man mei deksels fan in panne klapperet.
19:43
8.500 minsken oer de finish
Der binne oant no ta sa'n 8.500 minsken oer de finish, seit foarsitter Stephan Rekker. "Oant no ta is it in fantastyske dei."
19:28
Ruurd (36) is slim siik, mar fytst dochs de Tocht
De 36-jierrige Ruurd-Jan Sonnega hat koartlyn te hearren krigen dat er foar de tredde kear yn syn libben kanker hat. It is útsiedde yn syn botten en dêrom wurdt er net mear better.
Dochs hat er fan 'e moarn besletten om hjoed mei te dwaan oan de Alvestêdetocht. Neffens syn âlders woe er koste wat kost op 'e fyts. "Dan tinkst, it kin net wêze dat dy jongen siik is. It is sa ûnwerklik, it is bijna net te leauwen", seit syn mem.
Ruurd syn âlders en in goede freon wachten by de finish op him.
19:25
Dizze minsken dogge mei op in tandem út 1935
19:20
Drokte by de finish yn Boalsert
Hieltyd mear fytsers hawwe de Tocht achter de rêch en dêrom is it tige drok by de finish yn Boalsert.
19:03
De EHBO'ers yn Aldemardum kinne even rêstich sitte
It wie in drokke dei foar de EHBO'ers yn Aldemardum. Sa behannelen se minsken mei spierpine, ien mei eachletsel en sels twa minsken dy't stutsen wiene troch in ealjebij.
No binne de measte minsken Aldemardum wol foarby en hawwe se it wat rêstiger.
18:50
Dizze mem en dochter hawwe de Tocht foar it earst fytst, dus no mar in bierke
18:46
Winda wachtet op de servicebus
Winda Veldman hat maleur. Har fyts is stikken gien. Se sit no by Warns te wachtsjen op de servicebus.
18:44
Drokte yn Hylpen
18:42
Dizze twa Switsers brochten Timo syn stimpelkaart wer werom
18:36
Timo Jepkema wie syn stimpelkaart kwyt
Ek Timo Jepkema fytst mei yn Team Simone. No hie Timo wat lêst fan in tsjinslach, want hy wie syn stimpelkaart kwytrekke.
De kaart waard fûn yn Starum en waard troch twa Switsers nei Hylpen brocht, wêrnei't Timo wer trochride koe.
18:19
Simone hat in nuvere tocht en is al trije kear fallen
Foar Simone Scheffer is it in nuvere tocht. Se is trije kear fallen. "En dat is my noch noait gebeurd!"
Se sil nei alle gedachten net foar 20.00 oere by de finish wêze, mar hat der alle fertrouwen yn dat se de ein hellet. "It is fierder in hiele goeie Tocht, mei moai waar en net in soad wyn."
Se fytst sa wer fierder, mar net foardat se in lekker pûdsje chips opyt.
18:12
Dit is it heechste punt fan de tocht, by Warns
17:50
Tecla en Akke goed op wei yn harren 50e Tocht
Tecla Sikkes-Brandsma (69) en Akke Terbraak-van der Werf (79) binne de earste froulju dy't de Tocht foar de 50e kear fytse. En dat los fan inoar, want de twa froulju koene inoar foar dizze edysje noch net iens.
No binne se by tafal beide yn Starum. Noch sa'n 30 kilometer te gean. De froulju hawwe der alle betrouwen yn dat dat goedkomme sil.
17:36
Tinus fytst mei op syn bakkersfyts
Tinus fytst de Alvestêdetocht al jierren op syn bakkersfyts. "Ik kin wol op de racefyts, mar dan sjochst allinnich mar tegels en asfalt omdatst as in spear foarút giest. Op dizze fyts kin ik moai om my hinne sjen."
17:24
In stikje tsiis yn Warkum
17:11
Yn Warkum wurdt entûsjast mei flachjes wappere
16:51
Yme (80) krijt in ketting fan syn frou
De 80-jierrige Yme hat foar de 50e kear de Alvestêdetocht fytst. "Ik bin tankber dat ik it noch dwaan kin", seit er.
Syn frou wachte by de finish op him en oerhandige him in spesjale ketting, dy't se foar him makke hie.
16:36
Akke Terbraak is noch hiel fleurich
Akke Terbraak fytst de Tocht foar de 50e kear en mocht fan 'e moarn it startskot dwaan. En sa te sjen is se noch hieltyd fleurich!
16:30
Dizze man hat in spesjaal shirt krigen fan syn dochters
Harmen fytst de Alvestêdetocht foar de 30e kear en hat dêrom in spesjaal personalisearre shirt krigen fan syn trije dochters.
16:23
In 'trainingsronde' foar dizze Friezen om utens
Hoe spesjaal oft de Tocht ek is, foar dizze Friezen om utens is it dit jier "in trainingsronde".
Al 20 jier wenje sy in Noarwegen. Begjin july fytse se yn njoggen dagen fan Noarwegen nei Parys om jild yn te sammeljen foar bern mei kanker.
16:11
Johan en Johan yn Aldemardum
Dizze bern stiene te wachtsjen op Johan en Johan. En dêr binne se!
15:31
Bern diele snobbersguod út yn Drylts
15:14
Tiid foar in lekkere pankoek yn Snits
15:07
De stimpelkaart kwyt, dus dan mar op de earm
15:06
Supporterje mei in boerd
15:04
Famyljeleden wachtsje by de finish (mei in blomke) op bekenden
14:57
Iten en in spandoek foar twaling Haring en Steffen
Twaling Haring en Steffen fytse de Alvestêdetocht foar de 40e kear. Dêrom wurde se traktearre op in hapke en in moai spandoek.
14:39
It rint leech yn Ljouwert
Yn Ljouwert wurde yntusken de lêste stimpels set.
Frijwilliger Judith docht it stimpeljen dit jier foar it earst, "maar als het aan mij ligt zullen er nog vele edities volgen".
14:32
Earste finishers wurde huldige yn Boalsert
De fytsers dy't as earst oer de streek kamen by de finish yn Boalsert wurde huldige.
14:26
Yn Winsum kinne de fytsers in banaan bemachtigje
14:17
In dinosaurus op 'e fyts
13:57
Grutsk op pake
Dizze grutske pakesizzer makket mei har boerd by Burdaard in soad pakes bliid, mar ien yn it bysûnder!
13:46
Stimpelje is populêr by bern
Ek de 7-jierrige Dylano is drok oan it stimpeljen. Dat docht hy yn Starum.
13:42
De earste fytsers komme oer de streek yn Boalsert
Wylst de measte fytsers noch in flink ein moatte, binne de earste fytsers yn Boalsert yntusken oer de streek kaam!
13:35
Ek hjir wurdt heit oanmoedige
Ek yn Aldemardum sitte bern te wachtsjen op harren heit, Simon.
En wat krijt heit te hearren as er by harren del fytst? "Hup Simon, heuj!"
13:20
In spandoek foar heit
Luna (10) en Jade (7) hawwe in moai spandoek makke foar harren heit. Se steane tegearre mei mem en pake yn Snits om heit oan te moedigjen.
13:15
'Ekskús foar in feestje'
Yn Dronryp sit in groep jongerein mei in speaker en in bierke oan de kant fan 'e dyk: "As wy in ekskús ha om in feestje te meitsjen, dan dogge we dat graach."
13:03
Jens (6) is oan it stimpeljen
De 6-jierrige Jens is tegearre mei syn beppe Ineke Kooiman-van Homoet oan it stimpeljen yn Aldemardum.
Jens wennet yn Súd-Hollân, mar syn famylje hat in histoarje mei de Tocht. Yn 1985 kaam beppe as de tredde frou fan dat jier oer de finish op de redens en heit en pake fytse hjoed mei. En dus woe hy ek belutsen wêze!
13:00
In 'collectorsitem' yn Ljouwert
Yn Frjentsjer waarden even ferkearde stimpels set, nammentlik dy fan Ljouwert.
Neffens rayonhaad Wilfred Yedema fan Ljouwert leveret dat lykwols gjin problemen op foar de fytsers: "Zie het maar als een collectorsitem", laket hy.
12:37
Simone hâldt de moed deryn
Simone Scheffer is krekt foar Ljouwert foar de twadde kear fallen. Dit kear levere it har in ferwûning oan de knibbel en in klap op 'e holle op, dêr't se bot lêst fan hie.
Mar sa posityf as se is wie se yn Ljouwert alwer drok dwaande om donaasjes binnen te heljen.
12:32
De wachtsjende fytsers meie wer troch
De fytsers dy't yn Aldemardum yn de rein stiene te wachtsjen meie wer troch, der wurdt wer stimpele. En dat is net it iennige positive, want de sinne komt der ek troch!
12:15
Yn Dokkum rint it leech
De measte fytsers binne Dokkum yntusken foarby. De lêste stimpels wurde dêr op dit stuit set.
12:03
Wachtsje yn Aldemardum
De earste fytsers binne yn Aldemardum, dêr't se oant 12.30 oere wachtsje moatte oant se fierder fytse meie.
11:45
Kreative kostúms op de rûte
Jelte Faber en Janiek de Boer binne neef en nicht en hawwe in moaie outfit makke. As 'Buurman en Buurman' kamen se yn Ljouwert oan.
It is de earste kear foar de twa, ferline jier sieten se yn de tún by pake en beppe te sjen nei de fytsers en tochten: dit kinne wy ek wol.
11:35
Berm by Dronryp begjint op camping te lykjen
In berm by in fytspaad by Dronryp del stiet fol mei campingstuoltsjes, auto's en campers.
In soad freonen en famylje ha harren sammele om de dielnimmers oan te moedigjen.
10:51
Waarm wetter, kâlde bierkes
By Marsum ha guon supporters it harren wol hiel komfortabel makke. Gjin túnstuoltsje by de dyk mar in wiere hottub, makke fan in omboude wein achter in trekker.
Underyn leit in hoop brânend hout dat it wetter ferwaarmet. Yn it wetter steane twa picknicktafels dêr't de supporters lekker oan sitte kinne. En yn it waarme wetter is der hast neat better as in kâld bierke.
"Wy tochten: wy moatte mar even op fakânsje yn eigen lân."
10:34
Frou wachtet op servicebus by Marsum
Ek lekke bannen hearre by sa'n tocht. Dizze frou fytst de 235 kilometer allinnich en moat yn Marsum wachtsje op de servicebus dy't hooplik har bân oplaapje kin.
10:29
Yn Dokkum is it ek drok: der stiet in fytsfile
10:21
Fytsfeteraan Wiebe Tolsma fielt 'm noch goed
Ek Fytsalvestêdetochtfeteraan Wiebe Tolsma hat Dokkum berikt. Tolsma fytst de tocht foar de 66e kear, sûnt er 15 is docht er mei. "Je moasten doe eins sechstjin wêze, mar de kontrôle wie noch net sa strang, en ik wie bêst wol grut", fertelt er as er troch it sintrum rint.
It bysûndere oan Tolsma is dat er gjin fytsklean, mar in hiel pak oan hat, mei dit jier: in kroan op de helm. "Ik ha myn tsiende kear yn pak dien, myn 25e kear yn sjaket. Dit jier binne alle pakesizzers en alle bern mei, dan wol ik it ek goed yn pak dwaan."
Tolsma hat mar in pear edysjes sûnt syn 15e mist. "Doe moast ik yn tsjinst, ik haw 'm yn dy jierren wol op eigen gelegenheid fytst, mar dy telle net mei."
De feteraan tinkt dat er takom jier noch wol in kear meidwaan sil. "As ik sa bliuw sa't ik no bin."
09:56
Yn Ljouwert komme de fytsers by in grut bouwurk del
Yn Ljouwert komme de fytsers oer it Aldehoustertsjerkehôf, en dêr ha se dit jier útsjoch op net allinnich de Aldehou, mar in grut bouwurk.
It is in grut kultuerprojekt fan Arcadia, basearre op in katedraal dy't fiifhûndert jier ferlyn op dat plak stien hat.
De romte is troch it bouwurk wat beheind, en dêrtroch is it wat drok, mar it stimpeljen giet fierder prima.
De fytsers hawwe op dat plak 108 kilometer yn de skonken.
09:48
Doeke Plantinga is supporter yn Ljouwert
Doeke Plantinga stiet yn Ljouwert by de rûte del om de fytsers oan te moedigjen. Dat docht er moai ûnder it ôfdakje fan in fytsestalling.
Ek hat er in grutte box by him om wat sfear by de fytsers te bringen. Artysten as James Last en Captain Cook komme foarby.
09:18
Simone is ûnderweis mei de kollektebus
Simone Scheffer fytst de tocht foar de tritichste kear, se fytst op it stuit tusken Holwert en Dokkum, mar lei ek al langút. "Ast de skuon net goed út de klikpedalen klikst, dan falst sa opside."
Se fytst foar it goede doel: in duofytsoanhinger foar soarchbuorkerij Veldzicht yn Parregea.
08:50
14.014 fytsers ûnderweis
Der binne 14.014 fytsers fan start gien, dat meldt foarsitter Stephan Rekker. Dat betsjut dat in lytse tûzen fytsers net opdagen kommen binne.
"It is frij gebrûklik dat in lytse tsien prosint net fan start giet", seit Rekker.
08:44
Professoaren stimpelje yn Frjentsjer
Sa as alle jierren earet Frjentsjer syn skiednis as universiteitsstêd troch de stimpels útdiele te litten troch professoaren.
08:29
It sintsje lit him sjen yn Holwert
It swiertepunt fan de drokte ferskoot no wat nei Holwert, dêr komme grutte kloften fytsers binnen.
En ek it sintsje is derby, dêr't de fytsers it fan 'e moarn al troffen mei it waar set dat dus troch. Wol kin de wyn letter wat oanlûke oant in krêft 4 mei útsjitters nei krêft 5.
07:58
Yn Harns wurdt mar raak stimpele
Yn Harns binne no in soad fytsers te finen. De ferwachting is dat de lêste fytsers dêr om 09.30 komme, dêrnei giet de kontrôlepost ticht.
Dat betsjut dat de de stimpelinket dêr op it stuit goed brûkt wurdt.
Under mear troch Age Tichelaar, hy sit foar de 49e kear op syn troan. "Het zit heerlijk, ik vind het machtig mooi werk."
07:45
Even wat sûkers deryn yn Dokkum
Yn Dokkum binne ek de earste fytsers sinjalearre. Nei hast trije oeren fytse, ha guon wol ferlet fan wat kofje en in gebakje.
Dizze fytsers hawwe der 80 kilometer opsitten.
07:20
Ek yn Holwert wurdt stimpele
De earste fytser wie om 07.03 yn Holwert en krige in stimpel.
07:23
It is drok yn Harns
07:11
Wommels is der klear foar
It doarp Wommels hat dit jier regelje kinnen dat de tocht wer troch it doarp komt. Se moasten allinnich wol sels de frijwilligers leverje.
Lês hjirûnder hoe't it doarp him tarette:
06:36
Dêr binne de earsten al yn Harns
It giet as it slydjaget; de earste kleurrike wynjekjes binne al by Harns spot. Dat betsjut dat de earste 19 kilometers derop sitte: noch 216 te gean.
06:16
Akke docht foar de 50e kear mei
In bekend gesicht foar de fêste fytsers: Akke Terbraak docht foar de 50e kear mei en mocht dus it startskot jaan yn Boalsert.
06:15
Sa stapten de earsten op de fyts
Der wie ek muzyk by
Under begelieding fan bemoedigjende drummuzyk fan showband Hollandia út Boalsert stapten de earste dielnimmers op 'e fyts.
05:56
De earste fytsers binne los!
Yntusken hawwe de earste fytsers yn Boalsert it startskot krigen om oan de tocht útein te setten!
De fytsers starte yn 23 groepen, de lêste groep mei om 08.00 oere fuort. Yn eltse groep sitte sa'n 650 dielnimmers.
Foar de start hie ek it publyk de wekker al betiid te stean: der steane al aardich wat oanmoedigers by de stekken.
05:55
Goeiemoarn!
Wolkom yn it blog oer de Fytsalvestêdetocht! Hjir folgje wy de fytsers op de foet yn harren tocht troch de provinsje.
Fan 08.00 oere ôf is de dei ek te sjen fia in livestream op ús webside.