Ruurd (36) is slim siik, mar fytst dochs de Tocht
Ruurd-Jan Sonnega (36) is grutsk ûntfongen yn Boalsert, dêr't er hjoed de Fytsâlvestêdetocht foltôge hat.
En dat is net samar wat. Net lang lyn hat Ruurd nammentlik te hearren krigen dat er kanker hat, en dat foar de tredde kear yn syn libben. De kanker is útsiedde yn syn bonken en dêrtroch hat er gjin kâns mear op genêzing.
Likegoed hat er him hjoed net tsjinhâlde litten. Syn âlden fertelle dat er hoe dan ek hjoed op 'e fyts stappe soe om de Tocht te fytsen. "Dan tinkst: it kin net wêze dat dy jonge siik is. It is sa ûnwerklik, it is hast net te leauwen", ferhellet syn mem.