Omrop Fryslân

Tecla (69) en Akke (79) fytse as earste froulju harren 50e tocht

Tecla en Akke yn Starum
© Omrop Fryslân
Tecla Sikkes-Brandsma (69) en Akke Terbraak-van der Werf (79) binne de earste froulju dy't de Tocht foar de 50e kear fytse. En dat los fan inoar, want de twa froulju koene inoar foar dizze edysje noch net iens.
No binne se by tafal beide yn Starum. Noch sa'n 30 kilometer te gean. De froulju hawwe der alle betrouwen yn dat dat goedkomme sil.
Sy wiene ek al by-inoar by de start dêr't Akke it startskot jaan mocht.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.