Hâlde de Alvestêdefytsers it moandei drûch? Dit seit ús waarman
"It is hast dei en nacht ferskil", seit waarman Jan Jonkman oer it waar fan snein en moandei. Dat betsjut foar de Fytsalvestêdetocht in better boadskip as foar de Stepalvestêdetocht.
Oant no ta is it net it waar dat je it leafst sjogge mei in pinksterwykein, mei tal fan aktiviteiten bûtendoar. Dat moat Jonkman wol tajaan.
"Justerjûn like it noch wol efkes aardich, mar om middernacht kaam der wer in steuring oer út it súdwesten wei, mei pittige buien."
Dat litte de delslachsifers ek wol sjen. "Akkrum 43 mm, Balk 43 mm, Boarnburgum 42 mm en hjir yn Eagmaryp 43,5 mm. Dat binne hoemannichten."
Mar sa't in skip mei soere apels komt, sa giet er op in gegeven stuit ek wer. Mei in noardwestlike streaming lûke de buien foarearst al wat fuort.
Dat betsjut net dat de autopetters fan de Stepelfstedentocht in fierder drûge tocht hawwe. Der komme noch gebieten oan mei aardich wat rein, dêr't sels tonger en hagel by mooglik binne.
In soad fytsers sille o sa útsjen nei de aktuele waarfoarsizzing fan pinkstermoandei, as foar 15.000 dielnimmers de Fytsalvestêdetocht úteinset.
Mar Jonkman hat wat dat oanbelanget better nijs foar moandei as foar snein.
Hiel betiid in spat rein
"Yn de iere moarn kin der noch in spat rein falle, sa tusken 05.00 en 07.00 oere. Mar it stelt net in soad foar, it is rêstich."
Dêrmei kinne de striders op de twatsjillers ferromme sykhelje. "Oerdeis is der in ôfwikseling fan wolken en sinne. De temperatuer is noflik: sa'n 16-17 graden."
Wyn út it westen wei
De wyn komt út de westlike rjochting wei en is moarns swak, mar yn de middei matich mei in krêft 4 en útsjitters yn krêft 5.
Der kin middeis nochris in drip rein falle, mar it liket dus noch net sa gek.
It aktuele waar
It waar kin fansels altyd feroarje, hâld dêrom foar de aktuele situaasje ús waarside yn de gaten.
Yn de jûn nimt de bewolking wat ta en de wyn wat ôf.
"It bliuwt noch wol in skoft drûch, mar letter yn de nacht komt der wer in steuring ús kant op. In soarte fan waarmtefront: in earste teken fan de waarmere loft dêr't we de kommende dagen mei sitte."
Noflik waar is ûnderweis dus: tongersdei kin it wol 28 graden wurde, sa't it no liket.