Fytsers oanmoedigje by de Fytsalvestêdetocht? Sjoch hjir foar it wiidweidige tiidskema
De rûte fan de Fytsalvestêdetocht is bekend, mar wêr op dy 235 kilometers kinst no it bêste stean om dyn favorite fytsers oan te moedigjen? En hoe let komme se troch dyn wenplak? We sette in pear tips op in rychje.
Foar in yndikaasje hoe betiid oft de earste fytser trochkomt yn de stêden, is it goed om te witten hoe let oft de stimpelposten iepengeane. De fytsers begjinne yn elk gefal yn Boalsert yn 23 ferskate startgroepen, tusken 5.00 en 8.00 oere.
De earste stêd dêr't de fytsers dan oankomme is Harns. Dat is dus oan de betide kant, mar in dj soarget fan 7.00 oere ôf wol foar muzyk yn de havenstêd. Op dat stuit binne de earste groepen Harns alwer foarby.
Dêrnei stiet de lange tocht fia Frentsjer nei Dokkum foar de boech. Flak foar Dokkum komme de fytsers troch Holwert. De rappe fytsers kinne dêr fan 6.45 oere ôf in stimpel helje.
Holwert is neffens de organisaasje ien fan de plakken dêr't je de fytsers it bêste oanmoedigje kinne. "Het is vroeg, maar heel leuk om er te staan", seit bestjoerslid Annika Rekker. "Je ziet ze al mooi vroeg aankomen."
De earste stêd dêrnei is Dokkum. De rûte nei de Markt ta is wat oars, fanwegen wurk oan de dyk. It stimpeljen gebeurt dizze kear ek flak foardat de fytsers op de Markt binne, omdat op dat plak no in eksposysje fan World Press Photo Exhibition is.
"Als je even moet wachten, heb je wel mooi iets om te doen", seit Rekker.
By Omrop Fryslân
De Fytsalvestêdetocht is op moandei 9 juny fansels ek wer wiidweidich by Omrop Fryslân te folgjen. Yn de Omrop-app, op omropfryslan.nl en op ús socialmediakanalen binne we der de hiele dei by.
Op radio en telefyzje steane we fan 8.00 oant 20.00 oere lâns de rûte.
Datselde jildt foar Ljouwert. Dêr is ek in grutte kulturele manifestaasje, nammentlik Bouwurk fan Arcadia op it Aldehoustertsjerkhôf. Organisatoarysk hat de Alvestêdetocht der neffens Rekker gjin lêst fan. "Er is genoeg ruimte om te stempelen voor de fietsers, dus we gaan net als vorig jaar door de binnenstad van Leeuwarden."
Foardat de fytsers oan de súdlike lus begjinne, komme de fytsers noch troch Wommels. "Er zijn altijd best wel wat mensen uit die regio die willen komen kijken."
Súdlike lus
Yn de súdlike lus fan de rûte sitte de trochkomstplakken wat tichter op inoar, dus dat kin it wat dreger meitsje om dertusken te kommen. Mar ast der komme kinst, binne de plakken oan de kust allegear geskikt om fytsers oan te moedigjen.
"In Oudemirdum is een nieuwe verzorgingspost in het centrum", seit Rekker. "Daar is het is leuk om te staan. Dat is ook mooi op de helft van de zuidelijke lus."
Dêrnei komt in swier part fan de rûte, ôfhinklik fan de wynrjochting en -krêft. Flak foardat de fytsers yn Starum binne, komme se oer it Reaklif. It soarget foar in pear hichtemeters yn it fierder flakke parkoers.
It waar
Op it stuit liket de wyn op Pinkstermoandei út súdwestlike rjochting te kommen. Dat soe betsjutte dat de fytsers yn it lêste stik foar de wyn ha.
Foar in sa goed as mooglike tarieding foar fytsers en publyk, dielt de organisaasje oant moandei elke dei in waarfoarsizzing.
Hylpen is ien fan de meast praktyske plakken om oan de rûte te kommen. "Daar kun je de auto net buiten de stad parkeren, dan is het maar een paar honderd meter richting de route. Je kunt op die parkeerplaats komen zonder dat je over de route hoeft."
Rekker fynt Warkum ek oan te rieden. It is dêr wat minder maklik om te kommen, mar "het is heel gezellig". En ek belangryk: "Je hebt daar een heel lange tijdsduur dat fietsers doorkomen."
De stimpelpost giet nammentlik al krekt om 13.30 oere iepen en de fytsers ha oant 22.45 om de stimpel yn Warkum te heljen.
Dêrnei is it noch 12 kilometer nei Boalsert. Fytsers dy't dêr foar 22.00 oere oankomme, finishe yn de hal fan Plein 1455. Dêrnei ferpleatst de finishkontrôle him oant middernacht nei kultuerhistoarysk sintrum De Tiid.