Gjin speedboat foar Teake, mar oan dy fan syn soan wol er wol wurkje
Gjin speedboat foar Teake
Teake Postma is drok dwaande mei in putsje oan de boat fan syn soan. It is in rappe speedboat. Sels soe Teake sa'n boat net ha wolle.
Postma hat in gruttere boat, in kruser mei seis fêste sliepplakken. Dat fynt hy folle geryfliker. "In arbeidersboat", neamt de ynwenner fan Sweagerbosk de boat sels.
Hy hat ien kear mei de speedboat fan de soan fearn, mar dat gie fuortendaliks net goed, dus dat wol Postma nea wer.