HEA! Ale op syn boatsje 'Geluk'

HEA! paradysfûgel Ale Roorda
Ale Roorda libbet in frij libben yn syn boatsje 'Geluk' dat yn de Kalkhaven yn Ljouwert leit. De paradysfûgel neamt himsels muzikant en keunstner.
Roorda sliept yn it foarûnder, dêr't hy ek syn skilderijkes bewarret. Der is net folle komfort oan board, de wc is bûten op in âlde stoel. Neist it skipke hat hy mei syn buorman Yorick Zwiers ek noch in túntsje oanlein. Sa libje de mannen der tegearre wat hinne.