HEA! Ingrid hellet de grutste snoeken op

HEA! Fisker Ingrid de Jager
By in reis yn Amearika, fjouwer jier lyn, rekke Ingrid de Jager besmet mei it fiskfirus. No is se hast alle wykeinen yn in boatsje op it wetter te finen. Fiskjen is har wize om te genietsjen fan de natuer.
It giet Ingrid om de grutte rôffisken lykas snoeken. De ferrassing fan wat der ûnder wetter libbet en wat se dan nei boppen hellet, fynt se it moaist.
De Jager fisket net allinne yn Nederlân, mar ek wol yn Finlân, Sweden en Noarwegen. Se docht no in stúdzje bosk- en natuerbehear. Se hopet dêrmei ek wurk yn de natuer te finen, bygelyks as jachtopsichter.