Bauke (71) knapt skippen fan histoaryske figueren op: "Se fertelle in ferhaal"
Yn it wetter en op it hiem fan Bauke Aalbers út Ljouwert lizze ferskate histoaryske skippen. Ien wie earder yn besit fan it Deenske keningshûs, in oar fan in politikus út Skotlân. "Boaten fertelle in ferhaal, dat fyn ik moai."
Syn buorlju seagen in pear wiken lyn al efkes nuver op doe't der in grutte kraan mei in skip de strjitte ynriden kaam.
In Skotsk kotterke út 1913 krige plak by Aalbers yn 'e tún.
"Hy is 9 by 3 meter. Ut offisjele stikken docht bliken dat it skip yn opdracht makke is foar Sir Walter Runciman."
Petearen mei Hitler
Lord Runciman (1847-1937) wie in Skotske skipsmagnaat, dy't sit hie yn the House of Commons yn Skotlân.
"Hy hat diplomatike petearen fierd mei Hitler en hat besocht om mei Appeasement-polityk oarloch ôf te hâlden. Dat is net slagge."
Der kaam oarloch. "Doe't Runciman nei it front moast, hat er syn skip yn brûklien jûn oan de Anglikaanske tsjerke, dy't it brûkte om op de eilannen it evangeelje te ferkundigjen. Dat ferhaal fertelt dizze Skotske kotter eins ek."
Wat er sa moai fynt oan spesifyk dit skipke? "It hat in hielendal teakehouten kajútsje."
De oerkaping fan it stjoerplak sprekt ek ta de ferbylding.
"Dêr koe Runciman droech stean by hurde wyn. Ik bin sljocht fan âlde skipshistoarje en fan de skipsbou út de gloarjetiid fan Ingelân en Skotlân. Ik sit dêrom ek yn it wurkferbân Maritime Skiednis fan de Fryske Akademy."
Werom nei Skotlân
Ek al fynt Aalbers it prachtich boud, dochs moat der noch in hiel soad wurk ferset wurde.
"Alle spanten, in grut part fan de hûd en it dek moatte ferfongen wurde. Der moat in nij roer efter, en ek de mêst moat op 'e nij makke wurde."
It is it ikoan fan ús relaasje, mar it hat op it stuit wat tefolle konkurrinsje fan de oare skippen."
Fryske hannen dy't wurkje oan Skotsk erfgoed. "Wa wit far ik oait nochris nei Skotlân ta en jou ik it lân de boat werom as ik âld bin."
Op it hiem yn de Ljouwerter wenwyk Camminghabuorren lizze noch oare ferskate boatsjes tusken de beammen.
In wherry: in houten kano fan hûndert jier âld. Mar ek in Frânsk fiskersskipke.
"Dat hawwe myn frou en ik kocht op ús earste fakânsje tegearre. It is in Cano au Lampero, der is eartiids mei fiske op makriel. Wy fûnen it in prachtich boatsje en dêr hawwe wy in soad mei op fakânsje west yn Nederlân en Dútslân."
Ik koe as lyts jonkje al saken útelkoar helje en wer yninoar setten, lykas fytsen.
Al symbolisearret it fiskersboatsje de leafde fan him en syn frou, dochs komt hy op it heden net oan ûnderhâld ta.
"It is it ikoan fan ús relaasje, mar it hat op it stuit wat tefolle konkurrinsje fan de oare skippen."
Noordkaper
Foar de doar yn it wetter leit in stielen Noordkaper. Boud troch Aalbers sels.
"Ik haw yn 1985 de tekeningen kocht fan ûntwerper Martin Bekebrede. Mei dizze boat hawwe wy altyd fard, mar dy hawwe wy no te keap set."
In oar pronkje is de Azania fan 1935.
"It is in Stagzeilschoener, makke yn opdracht fan it Deenske keningshûs. It is makke troch de Amsterdamske Scheepswerf G. de Vries Lentsch Jr., by deselde werf as dêr't De Groene Draeck fan it Nederlânsk keningshûs boud is."
Genêskunde
De Azania stekt 1.20 djip. "Ideaal om mei op de Waadsee te silen." Aalbers hat der hast 15 jier oan wurke om it skip op te knappen.
"It ûnderhâld giet fansels altyd troch, mar it is no safier dat de mêst derop kin en dan far ik him nei Lauwerseach ta."
Dat Aalbers gjin boatebouwer wurden is, mei bysûnder te neamen wêze.
Ik koe as lyts jonkje al saken útinoar helje en wer yninoar sette, lykas fytsen.
"Ik koe as lyts jonkje al saken útinoar helje en wer yninoar sette, lykas fytsen."
Uteinlik studearre er genêskunde en joech er ferfolgens les oan ferpleechkundigen.
"As dokter sykje je fansels ek nei technyske oplossings foar problemen, lykas in boatebouwer. Mar dit wurk wol ik gewoan dwaan en it hat altyd soarge foar in goede 'hand-hoofd-hart-balâns'."
Denemarken
"Yn it ûnderwiis jouwe je in hiel soad fan josels, fan it boatebouwen krige ik just in soad enerzjy. It hold inoar goed yn balâns."
Aalbers hat wolris kontakt socht mei it keningshûs fan Denemarken om mear oer de Azaria te witten te kommen, mar it bleau stil.
"Miskein moat ik dochs mar ris mei myn frou nei Denemarken ta en dan sjen oft der ek Denen binne dy't it skip kenne."
Leaver harkje?
Bauke Aalbers fertelt yn Buro de Vries oer syn boatsjes. Buro de Vries is alle wiken op sneintemoarn te hearren by Omrop Fryslân op de radio, tusken 11.00 en 13.00 oere, en wurdt jûns werhelle. Of harkje de podcast yn de Spotify-app.