Richtsje (73) fan Eksmoarre makket lange syltochten by Noarske kust del
De 73-jierrige Richtsje Wester fan Eksmoarre is in aktive, avontuerlike frou. Se wennet yn Noarwegen dêr't se simmerdeis lange syltochten by de kust del makket.
Winterdeis is se in protte oan it skyen. "Dat langlaufen hâldt je fit. Yn beweging bliuwe."
Troch de leafde bedarre Richtsje Wester goed fyftich jier ferlyn yn Noarwegen. De earste kear dat se nei Noarwegen reizge, wie mei in grutte boat út Dútslân wei.
De oankomst makke in soad yndruk: "We kamen oan yn it Oslofjord. Ik seach de grutte see en de bergen. Ik wie hielendal wei fan it lân."
Lofoten en Trondheim
Earst wenne se op de noardlike eilannegroep de Lofoten. Har Noarske freon en sy krigen allebeide in baan as studint-learaar op it eilân Værøy. Dat koe yn dy tiid om't der ferlet wie fan learkrêften.
Nei in jier op Værøy wenne te hawwen, ferhuzen se yn 1974 nei Trondheim om ôf te studearjen. Yn 1978 krige Richtsje in fêste baan op de Lofoten. Se kaam te wurkjen op in middelbere skoalle ferlykber mei ús tariedend wittenskiplik ûnderwiis (vwo) yn it plak Svolvær.
Fiif jier lang hat se dêrnei op de Lofoten wenne. Se krige dêr twa bern. Doe is se werom gien nei Trondheim en dat bleau har fêste wenplak.
Op de Lofoten sprutsen de moaie natuer en de see har hiel bot oan. Se kochten in fiskersboatsje en fongen grouwe kabeljauwen. Noch altyd mei Richtsje graach fiskje.
Avontuerlik ynsteld, dat is se wis. As bern yn Fryslân al. "Ik wie altyd oan it fiskjen by it kanaal. Ik dreamde fan boaten en lies oer Nederlânske East-Ynjefarders."
Oan de tiid op de Lofoten kaam nei yn totaal seis jier in ein. Sy woe dêr wol bliuwe, har man net. "Doe't ik de Lofoten net mear hie, wie ik sa ûnwennich." Se woe der net mear wei.
Twa bern hie se krige op de Lofoten, in dochter en in soan. Har relaasje hâlde gjin stân.
Richtsje wennet no yn Trondheim. Se hâldt fan de natuer om har hinne. Ut har hûs wei sjocht se út op it fjord. Flakby de stêd is in moai skyterrein dêr't se sa faak as se kin oan it skyen en langlaufen is.
De stêd Trondheim leit net fier fan de kust ôf. Op ien fan de eilantsje dêr yn 'e buert kocht se yn 1995 in húske. Op it eilân kin se ek moai fiskje. It is in bytsje as Fryslân, fynt se.
Simmerdeis is Richtsje in protte mei har sylboat op it wetter te finen. Se is gek fan silen. Langlaufe en skye mei se ek hiel graach dwaan.
Dat is ek in manier yn kondysje te bliuwen foar it silen.
"Ik bin no 73. Ik moat my fit hâlde om sile te kinnen. En dat langlaufen hâldt je hiel fit. Yn beweging bliuwe. Dan doch ik dat winterdeis. En sile en kuierje, yn de bergen of hjir by de stêd, doch ik simmerdeis."
Wêr't se it silen leard hat? Dat wie op in sylwykein foar studinten, fertelt se. Yn Grins hat se Ingelsk dien oan de learare-oplieding.
It ûnderwiis wie har fak. Letter hat se, njonken Ingelsk, ek skiednis, Dútsk en Spaansk jûn.
Se giet faak mei de boat nei it noarden rjochting de Lofoten. Of noch fierder omheech, rjochting Laplân. Se hat in hiel soad allinnich syld, mar no't se wat âlder is, sylt se faak mei ien derby.
Kensto ek in Fries yn it bûtenlân? Of bist sels ien?
Wy wolle graach dyn ferhaal hearre. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge fynst mear ynformaasje. Kinst ek maile nei goeiemiddei@omropfryslan.nl.
Wat Richtsje mist, binne de maitiden yn Fryslân. Benammen ast de weromkommen fûgels wer foar it earst hearre kinst.
Yn Noarwegen binne ek in protte fûgels, mar it waar is dêr minder moai, want der stiet faak in hurde wyn. Dochs fynt se de Noarske natuer ek hiel moai, ek al is dy oars as Fryslân.