Omrop Fryslân

Fryske tsjerken sykje in lykwicht tusken boeren stypje en soarch foar de ierde

Feehâlder Gosse de Boer fan Drachtsterkompenije en de wurkgroepleden Pieter Knijff en Douwe Hiemstra
© Omrop Fryslân, René Koster
Foar tsjerken kin it in drege wrakseling wêze: solidêr mei de boer wêze, mar ek rintmasterskip en de soarch foar de ierde serieus nimme. Hielendal om't tsjerken mei it ferpachtsjen fan grûn ek saaklik belangen hat.
De wurkgroep Kerken en Landbouw spilet dêryn in wichtige rol. Sy advisearret tsjerken oer hoe't se hjirmei om gean kinne. De wurkgroep is ferbûn mei de Raad van Kerken Fryslân, mei de Roomske tsjerke (fia Solidair Friesland) en mei de klassis Fryslân fan de PKN.
Fan alle wurkgroepen dy't der lanlik yn dit ferbân wiene is der noch mar ien oer: de Fryske wurkgroep. Gjin wûnder dat dy no út it hiele lân wei fragen krijt om stipe by de aktuele lânboudiskusje.

Debat yn 'e tsjerke

Neffens wurkgroepfoarsitter Douwe Hiemstra moatte se geregeld fersiken ôfwize om't se de hannen fol ha oan wat yn Fryslân fan har frege wurdt. Materiaal dat ûnwikkele is, wurdt wol breder beskiber steld en brûkt by it debat yn de tsjerken.
In sympoasium fan Kerken en Landbouw yn Nyegea yn jannewaris
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Lânboupastor en wurkgroeplid Pieter Knijff hat in soad kontakt mei yndividuele lânbouwers. "Ik fernim by in soad boeren dat se fine dat harren ûnrjocht oandien wurdt. Sa binne der ek guon dy't sels gjin útwei mear sjogge."

Prate, mar net yn de sneinske klean

Dan is it wichtich dat je dy sinjalen yn it pastorale wurk oppikke, is Knijff fan betinken. "Dat je de learzens en de overall oanlûke, mei de minsken yn petear gean en oandacht jouwe. Dat moat net yn de sneinske klean op de bank."
Wurkgroepfoarsitter Douwe Hiemstra ûnderstreket dat: "Der komme bêst in soad minsken by de boer op it hiem. Mar dy moatte eins allegearre wat fan him. As der in dûmny komt is dat net sa. Dan krije jo in hiel oar petear."
Afbeelding ter illustratie
© Omrop Fryslân, René Koster
Hiemstra tinkt net dat de diskusje boer-natuer yn de tsjerken sels bot spilet. "De solidariteit mei boeren is hjir grut. De feesteapel troch de helte, dat hearre wy hjir hast net. Wy wolle oeral wol rekken mei hâlde, mar is it sa maklik sein: jo moatte dit en jo moatte dat. De grûn moat ek wat opsmite en as dat te min is, kinne jo net draaie."

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.
Lanlik tinkt de wurkgroep ek mei oer de wize hoe't tsjerken omgean moatte mei pacht. In soad tsjerken ferpachtsje grûn dy't foar lânbou brûkt wurdt. Sy soene dêrby ek betingsten meijaan kinne oer hoe't de grûn brûkt wurde moat. Dat kin goed passe by de bibelske opdracht om duorsum en goed mei de ierde om te gean.
Oan de oare kant moat de boer ek rendabel buorkje kinne. Boppedat binne de ynkomsten út de pacht fan libbensbelang foar de tsjerken om bygelyks gebouwen te ûnderhâlden en de dûmny te beteljen.

Sykje nei in lykwicht

Neffens Douwe Hiemstra binne je ek in goed rintmaster as je in optimaal rendemint helje. Dat slagget net as je de pachter allerhanne restriksjes oplizze. "Dan snijdt de tsjerke himsels yn 'e fingers. It giet om it sykjen nei in goed lykwicht en dêr helpt ús wurkgroep graach by."
In petear mei de wurkgroep op de pleats fan Gosse en Jan Rienk de Boer yn Drachtsterkompenije

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.