Omrop Fryslân

Selsmakke nêstbeskermers blike in útkomst by Seisbierrum: “Geweldich slagge”

In ljip ûnder de nêstbeskermer
© Cor Aardema
Troch in útfynsel fan de lokale fûgelwacht is de oerlibbingskâns fan greidefûgels by Seisbierrum in stik grutter wurden. It giet om in selsmakke nêstbeskermer fan betonizer en hinnegaas.
Arend Kuiper en Cor Aardema fan de fûgelwacht Frjentsjer en omjouwing hawwe in tsiental nêstbeskermers meitsje litten. Se sette dy op de nêsten fan de ljip, skries en strânljip.
"We hawwe hjir geregeld in foks yn it gebiet", seit Aardema. "De jager koe de foks net sjitte dit jier en ik hearde fan in koai dy't se yn it bûtenlân ynsette. Wy woene sjen oft dat by ús ek wurke."
Claas Frankena, Cor Aardema en Arend Kuiper
© Omrop Fryslân
It idee komt út Noarwegen wei, dêr hawwe nêstbeskermers goede resultaten behelle. Ek yn Gaasterlân wurde guon nêsten mei koaien beskerme tsjin predatoaren.
Troch de nêstbeskermer is it ûnmooglik foar de foks om de aaien te pakken. Mar ek katten, mûzebiters of waskbearhûnen binne kânsleas.
Dizze ljip sjocht it wol sitten en siket in plakje yn in nêstbeskermer
De spilen binne makke fan betonizer en op it dak sit hinnegaas. De ûnderkant is 90 sintimeter yn omtrek.
De fûgels passe krekt tusken de spilen fan betonizer troch, mar foar in foks binne se te smel.
De nêstbeskermer op it lân
© Cor Aardema
Mei spesjale ankers kinne de nêstbeskermers yn de grûn fêstset wurde.
Claas Frankena út Frjentsjer hat in boubedriuw en makket de beskermers: "It gaas wurket ek as stikeltried wêrtroch't de foks de noas iepenhellet. Dat is syn wichtichste orgaan om fretten te finen en dêrom lit hy it nêst gewurde. Dat is ien fan de redenen wêrtroch't dit slagget."
Twa aikes en in pykje, kreas ûnder gaas
© Cor Aardema
Sa'n nêstbeskermer is 7 kilo en kostet 32 euro om te meitsjen. De nêstbeskermers binne foarearst betelle troch de neisoargers Arend Kuiper en Cor Aardema sels.
Aardema fynt dat de proef geweldich slagge is. Der moatte dan ek mear komme, is hy fan betinken. "Dit wurket en it soe moai wêze as de provinsje en it Bûn fan Fryske Fûgelwachten hjir yn ynvestearje wolle."
In ljip boppe de neiteam
© Cor Aardema
Ek hopet Aardema dat it ûntwerp noch wat lichter makke wurde kin, omdat se faak kilometers it lân yn moatte.
Arend Kuiper wol ek mear koaien yn it lân. "Als we niks doen, zijn alle eieren verdwenen en is ons werk voor niks. We zijn blij dat alle eieren uitkomen, maar we hebben te weinig nestbeschermers en dat is minder hoopvol."
Moai op it nêst
© Cor Aardema
De pykjes hawwe in gruttere kâns om te oerlibjen. Alle aaien dy't ûnder in beskermer leine yn de omkriten fan Seisbierrum, binne útkaam.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.