Omrop Fryslân

Provinsje fynt yn Ingelân mooglike oplossing foar greidefûgelpykjes

In fertroud byld: de skries op in pealtsje
© Shutterstock.com (Smeerjewegproducties)
De provinsje Fryslân wol greidefûgelpykjes rêde troch rôffûgels alternatyf fretten oan te bieden. BoerenNatuur Fryslân sil kommende maitiid de proef útfiere yn oparbeidzjen mei it Bûn fan Fryske Fûgelwachten BFVW.
Neffens deputearre Matthijs de Vries is de pilot nedich, omdat de greidefûgelstân bot ûnder druk stiet. Op dit stuit wurde neffens him te folle pykjes en aaien opfretten troch rôffûgels as de mûzefalk en de mûzebiter.
Yn Ingelân docht de nije wurkwize al fertuten. De Vries lûkt dêrom graach 71.788 euro út foar in pilot.
"Predaasje is in grut probleem", seit er. "Ik krij dit jier soarchlike berjochten út it fjild oer de greidefûgelstân. We moatte echt wat dwaan oan predaasje. Ik bin dêrom wiis mei dizze alternative manier, want dy is bistfreonlik."

Net allinnich predaasje

Predaasje - rôfbisten dy't aaien, pykjes en soms ek folwoeksen fûgels opfrette - is mar in part fan de oarsaak dat greidefûgelpykjes it dreech ha.
Greidefûgels lykas skriezen hâlde fan wiet lân. Mar om sa betiid mooglik it lân op te kinnen, moat it lân foar de boer just sa drûch as mooglik wêze. Greppels wurde geregeld ynruile foar drainaazjebuizen.
Undersikers sizze dat de kaai leit yn it ferbetterjen fan it leefmiljeu fan rôfbisten, wêrtroch't dy mear fretten ha as fjildmûzen en greidefûgels. En rôfbisten lykas de das hâlde net fan hiel wiet lân.
Yn de proef wurdt eksperimintearre mei ferskaat fretten. Sa soene de rôffûgels bygelyks oare pykjes krije kinne út plakken dêr't se oer binne. Mar der kinne ek mûzen oan de fûgels fuorre wurde, fertelt foarsitter fan BoerenNatuur Fryslân Albert van der Ploeg: "Dat moatte we yn de proef allegear útteste."
De Vries fynt dat de provinsje alle mooglikheden oangripe moat om de greidefûgelstân te ferbetterjen.

'Grutte soarch'

Hy hat sinjalen krigen dat 2024 gjin goed jier is foar greidefûgels as de ljip en de skries. "De definitive sifers binne der noch net, mar ik haw grutte soarch."
Deputearre Matthijs de Vries
© Hoge Noorden / Jacob van Essen
De provinsje Fryslân stribbet dernei om it tal greidefûgels nei jierren fan achterútgong wer groeie te litten, mar oant no ta is dat net suksesfol.
"We hawwe gruttere greidefûgelgebieten nedich, mar we moatte ek wat oan de predaasje dwaan. As we dat net dogge, hawwe we aansens grutte greidefûgelgebieten sûnder greidefûgels. Dat soe ik ferskriklik spitich wêze."
Op it stuit dat der mear greidefûgels yn in gebiet sitte, binne dy by steat om sels harren loftferdigening te organisearjen tsjin in rôffûgel dy't in pykje pakke wol. "De greidefûgels kinne dan sels in rôffûgel ferjeie. Mar we moatte earst sels oan behear dwaan om dy situaasje te berikken."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.