Omrop Fryslân

Stellerij by Wolsum en Burchwert is in klap foar de fûgelwacht: “Dit is net leuk mear”

Plasdraspompen en sinnepanielen
© Omrop Fryslân
De ôfrûne wiken binne ferskate plasdraspompen en sinnepanielen stellen yn de omkriten fan Boalsert. Dat is net allinne in finansjele klap foar de fûgelwacht, mar ek min nijs foar greidefûgels.
Plasdraspompen soargje derfoar dat stikken lân ûnder wetter set wurde. Hjirtroch wurdt de grûn fochtich, wêrtroch't lytse bistjes omheech komme en fûgels út it lân ite kinne.
Ofrûne freed waarden pompen en panielen yn Burchwert slachtoffer fan stellerij. En in wike earder rekken der op snein by Wolsum al trije pompen wei.
Foarsitter Wiebe Palstra fan fûgelwacht Boalsert en omkriten fynt it soer.
"De klap is grut. Dit is net leuk mear."
De fûgelwacht warskôget oaren foar de dieverij en hopet dat de dieders fûn wurde. "Wy tinke dat se mei in boat oer it grutte wetter komme en sa de panielen oplade."

Plasdraspompen needsaaklik

Trochdat de pompen stellen binne, kin it lân net mear ûnder wetter set wurde. De pompen binne needsaaklik foar it behâld fan greidefûgels.
Foarsitter Wiebe Palstra fan fûgelwacht Boalsert en omkriten
© Omrop Fryslân
"Ferline jier wie in slim predaasjejier: rôfbisten hawwe in soad pykjes opfretten. En no is it hartstikke drûch, dan is der hast gjin iten en dan binne dy pompen hiel wichtich", leit Palstra út.
"Dit is wer in klap dy't wy foar de kiezzen krije. Wy wolle dochs graach dat de greidefûgels hjir bliuwe. Wy moatte it hawwe fan wiete lannen."

Foar tûzenen euro's stellen

Ek finansjeel is dit in grutte klap, want der is al in fiiftal pompen stellen in nije pomp kostet al gau tusken de 3.000 en 4.000 euro.
Trochdat de fûgelwacht ôfhinklik is fan subsydzjes, is der net in soad jild foar in pomp.
Palstra ferwachtet dan ek net dat der fuortendaalks nije ynstallaasjes komme.

Postkoade derop?

Gjin wiet fûgeltsjelân, betsjut gjin iten. En gjin iten, betsjut dat greidefûgels fuortlûke nei gebieten dêr't wol iten te heljen is.
Palstra tinkt nei oer wat er dwaan kin om foar te kommen dat de stellerij faker foarkomt, mar wit ek dat it dreech is.
"Miskien kinne we se gravearje mei postkoaden, sadat we witte dat se fan ús binne as se earne opdûke."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.