Earrebarre ôfskildere as in grutte rôver fan pykjes en aaien: "Folslein ûnterjochte"
It is folslein ûnterjochte dat de earrebarre troch politisy en opinymakkers ôfskildere wurdt as in grutte rôver fan pykjes en aaien fan greidefûgels. Dat seit foarsitter Haye Folkertsma fan stichting It Eibertshiem yn Earnewâld.
"Minsken dy't dat beweare, kenne de feiten net." Yn it jierferslach, dat krekt publisearre is, hellet Folkertsma in berjocht oan fan in pleatslike politikus.
By in foto fan 20 earrebarren dy't allegear op in eigen lantearnepeal sieten, stiet: "De grootste rovers, er zijn nu 1800 paar ooievaars met elk 4 jongen en die eten elke dag 4 weidevogels. Dat zijn bijna 10.000 op een dag, dus geen wonder dat de weidevogels verdwijnen."
Folkertsma sprekt fan grutte ûnsin: "De earrebarre hat in hiel oar patroan fan foerazjearjen, dus dy fret gjin piken en ek gjin aaien. Se ite yn haadsaak reinwjirms, slakken, kevers en sa no en dan lytse salamanders. Earrebarren sjochst ek net jeien achter in fûgel oan."
Yn it jierferslach sitearret Folkertsma ek in stikje út it tydskrift Vanellus fan it BFVW yn de rubryk Wachtwoord: "De predatoren welke op de camera werden vastgelegd, waren onder andere 6 vossen en 3 wasbeerhonden. Het ergste voor een van de bestuursleden was: 20 ooievaars op een rij, op zoek naar hapjes."
Soe in earrebarre dan nea in pykje of in aai ite? Folkertsma: "Ik ha it yn de 50 jier dat ik dy fûgels folgje noch nea sjoen. Dat seit miskien net alles, mar der wurdt ek wittenskiplik ûndersyk dien nei de predaasje fan greidefûgels. Dy ûndersiken jouwe ek in hiel oar byld."
Folkertsma tinkt dat it opfallende foarkommen fan de earrebarre it ferkearde byld yn 'e hân wurket: "Ast de earrebarre in minút folgest, sjochst him 20 kear wat oppikken. Blykber tinke minsken dan dat er ek wol pykjes of aaien oppikke sil."
Benaud foar in echt min imago foar de earrebarre is Folkertsma net. "Wy fernimme dat in hiel soad minsken derfan genietsje as sy in earrebarre yn it lân sjogge."
It Eibertshiem fiert feest
Stichting It Eibertshiem bestiet dit jier 45 jier. By it oprjochtsjen fan de stichting yn 1980 wiene der gjin briedpearen mear yn Nederlân. No yn 2025 binne der 200. Der hawwe ek wolris minne jierren west, mar oer it algemien giet it neffens de stichting no goed mei de fûgel.