Omrop Fryslân

Hast gjinien wit mear wat 'biljen' is, mar Eloïse leart it op De Jouwer

Eloïse Broekhuizen oan it biljen
© Omrop Fryslân
Bûten is it ljochtskyndei. Mar binnen yn Penninga's mûne op De Jouwer sit in jonge frou yn it tsjuster op de knibbels op in kessentsje. Eloïse Broekhuizen (19) is oan it biljen.
Yn it skynsel fan in lampe slacht se mei in hammerke mei koarte tikken op in mûnestien. Lytse stienstofwolkjes dwarrelje omheech.
Biljen is it skerp meitsjen fan de mealstiennen fan in mûne.
Mei in bilhammer wurdt der in patroan fan groeven yn de stiennen slein. Dat is nedich om goed mealle te kinnen.
Johannes Kooistra is mûnder op Penninga's mûne op De Jouwer
© Omrop Fryslân
It ambacht fan biljen is net maklik, en der is mar in hantsjefol minsken dy 't it noch kin.
De jonge Wageningse krijt no les fan mûnder Johannes Kooistra om it ek ûnder de knibbel te krijen.

Jongste mûnder

Eloïse hat sels sûnt oardel jier ek de mûnderspapieren, as ien fan de jongsten fan Nederlân.
"Als onderdeel van het vak van molenaar wil ik dit ook kunnen. Want ik moet het graan wel tussen goede stenen malen. Dat ik nu deze kans krijg, is echt super gaaf."
Wêrom sa ien ek net de kâns jaan om it te learen? Ik wurdearje it bot dat se der safolle foar oer hat.
Mûnder Johannes Kooistra
"Goed in moanne lyn kaam se hjir om de mûne te besjen", fertelt Kooistra.
"Se seach dizze mûnestien lizzen en ik sei dat ik noch even it skerpsel (it groevepatroan) der op slaan moast. Sy sei dat se dat ek nochris leare woe. En doe tocht ik: wêrom jou ik har de kâns net om it te learen? Ik wurdearje it bot dat se der safolle foar oer hat."

Trije oeren ûnderweis

Want Eloïse moat út Wageningen wei trije oeren mei it iepenbier ferfier foardat se op de mûne is. It is hjoed har twadde les fan Johannes.
Der is wol trochsettingsfermogen nedich om de groeven der goed yn te slaan, it tikjen giet noch net hiel hurd.
"Het is best moeilijk. Het slaan op zich niet, maar je moet weten wat je weg moet halen. Daar zit een hele theorie achter."
De bilhammer moat út de polzen wei slein wurde
© Omrop Fryslân
De bilhammer dy't se brûkt, liket noch it meast op in lytse pikhouwiel.
Oan beide úteinen sit in stik hurdmetaal soldearre, sadat er goed skerp bliuwt.
Johannes leit út dat de slach út de polzen weikomme moat. "Dat is in koart gewricht, dan kinne je rjocht en sekuer slaan. Je moatte foaral de earmtakken stilhâlde."
Eloïse Broekhuizen reizget fan Wageningen nei De Jouwer
© Omrop Fryslân
By it meallen komt it nôt (graan) út 'e midden wei tusken de stiennen. Troch it patroan fan groeven wurdt it earst brutsen en dêrnei hieltyd finer meald en as moal úteinlik nei bûten ta wurke.
"Om de simmel (zemel) sa skjin as mooglik te krijen, it lêste moal der út te heljen: dat is no echt it fak fan de mûnder", fertelt Johannes.
"Dan binne goed skerpmakke stiennen dus it allerbelangrykste."
Mûnder Johannes jout útlis oan syn learlinge
© Omrop Fryslân
Dat net safolle minsken noch bilje kinne, hat alles te krijen mei dat de measte mûnen net mear yntinsyf mealle en de mûnestiennen dus ek minder gau slite.
"Het is misschien nog één keer in de acht tot tien jaar dat het moet", neffens Eloïse.
"En hjoed-de-dei is it nôt ek folle skjinner, eartiids siet der folle mear sân yn, dat skeelt ek", neffens de mûnder.

Oerlevering

Kooistra tinkt dat der yn de provinsje noch in stik as trije minsken binne dy 't it ambacht behearskje.
"De âldere generaasje mûnders, dy't it fan heit op soan leard hat, wol oer seis generaasjes, dy wit út oerlevering hoe't it moat. Dêr haw ik it ek wer fan leard."
Penninga's mûne op De Jouwer
© Omrop Fryslân
Dat it biljen yn it tsjuster dien wurdt, is net foar neat.
"Troch in lampke krijst in moai strykljocht op de stien, oan de hân fan it skaad kinst dan sjen hoe djip asto de groef slachst. De mûne wurdt dêrom fertsjustere, sadat je gjin falsk deiljocht hawwe."
"In soad mûnders woene harren groefpatroan om goed te meallen ek geheim hâlde. Dêrom barde it ek faak yn it tsjuster."
De wind is gewoon gratis, die komt letterlijk aanwaaien. Dat vind ik heel tof.
Eloïse Broekhuizen fynt it duorsume aspekt fan mûnen geweldich
Eloïse tikket yntusken flink troch, se moat noch in soad ûnderfining opdwaan. Mar se is hielendal ferslingere rekke oan mûnen en it mûndersfak.
"De techniek, die tandwielen die in elkaar grijpen. Maar ook al die toepassingen, poldermolens, korenmolens, houtzaagmolens..."
"Het is zo breed wat je met molens kunt doen. En dan de duurzaamheid. De wind is gewoon gratis, die komt letterlijk aanwaaien. Dat vind ik heel tof."
Sjoch hjir de reportaazje fan HEA! oer it biljen fan mûnestiennen:
Eloïse billet mûnestiennen

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.