Frijwilligers hâlde al heale iuw de acht molen yn Menameradiel draaiende: “Rust roest”
"Hy is twa wike lyn noch opnij yn de ferve set." Sytse Algra is de fêste mûnder fan mole Kingmatille by Dronryp. Syn mole stiet sneon sintraal by de twadde moledei fan de Stichting Molens in Menaldumadeel.
De stichting fiert dit jier syn 50-jierrich bestean. By it jubileum draait it om de acht molen fan de stichting. Se krije allegearre in eigen feestje. En om it jubileum te fieren, is publyk der dan wolkom.
Tsien jier lyn begûn Algra op Kingmatille. Dat die er neidat er klear wie mei de twa jier duorjende oplieding ta mûnder. "Se hiene der in fakatuere en it is moai ticht by myn wenplak Frjentsjer, dat ik kin der op de fyts hinne."
De lingte fan syn fytstocht is wol ôfhinklik fan it seizoen. As simmerdeis it pontsje Keimpetille oer it Van Harinxmakanaal fart, is Algra der in stik flotter as winterdeis. Dan moat der in omwei ôflein wurde. "No ja, by need kin ik altyd noch mei de auto."
Want wa't tinkt dat Algra syn mole allinne by moai waar draaie lit, hat it mis. Doel is om dat sa faak mooglik te dwaan, want: "Rust roest. Te folle stilstean is net goed foar in mole."
Hy giet, as it slagget, alle wiken. Yn it wykein dan, want troch de wike moat der wurke wurde.
Algra is ien fan de groep frijwillige mûnders fan de Stichting Molens in Menaldumadeel. Dy groep is neffens foarsitter Lute Pen krekt grut genôch om alle acht molen draaie te litten. Dêrneist binne der in tal frijwilligers beskikber foar ûnderhâldswurk.
Dy frijwilligers hoege net alles sels te dwaan. Sa is it earder neamde fervjen fan mole Kingmatille dien troch in beropsskilder. Omdat de mole in ryksmonumint is, betellet dat Ryk ek it ûnderhâld. Ek seis fan de oare sân molen fan de stichting hawwe dy status.
140.000 euro foar de wjukken
Moat der wat oan de molen ferfongen wurde, dan is it in oar ferhaal. "Dan moatte we sels op syk nei jild", seit Pen. "By provinsje, gemeente of fûnsen bygelyks."
Sa moast koartlyn noch 140.000 euro byelkoar brocht wurde foar it ferfangen fan de wjukken fan twa molen.
Pen sjocht it sykjen fan jild en frijwilligers as belangrykste taak fan it bestjoer fan de stichting. Dy begûn yn 1975 mei in pear molen, om yn de rin fan de tiid út te groeien nei de acht fan no. Grutter sil dat tal net wurde: yn it eardere Menameradiel binne net mear molen te finen.
Dat Menameradiel yntusken opgien is yn de gemeente Waadhoeke is neffens Pen gjin reden om wat oan de wurkwize fan de stichting te feroarjen. Molen yn omlizzende gebieten oernimme is bygelyks gjin needsaak, dêr wurdt al op past troch oare organisaasjes.
Sytse Algra hat yntusken al even nei de wyn fan sneon sjoen. Dy komt dan út it súdeasten. "Eins net de meast geunstige hoeke, krekt oan dy kant stiet in hûs." De mole is mei syn wjukhichte fan trettjin meter net heech genôch om dêr boppeút te kommen.
Mole noch altyd op stand-by
Mar ek mei wat minder wyn sil Algra syn bêst dwaan om de mole sneon draaie te litten. Dy waard yn 1870 boud om it wetter yn de omlizzende polder ûnder kontrôle te hâlden. Yn 1987 waard er fanwege syn minne tastân opnij boud, fyftich meter fan de âlde lokaasje ôf.
Lykas in soad oare poldermolen hat mole Kingmatille gjin echte funksje mear. Hoewol, mocht de need oan de man komme, dan kin it wetterskip in berop dwaan op syn mealkeunsten. Noch twa oare molens fan de stichting hawwe sa'n 'stand-by'-funksje.
Algra hopet stikem dat it in kear safier komt. No mealt er heechút op in fersyk fan in boer yn 'e buert ris in stikje lân drûch. Wol is de kapasiteit fan de mole krekt as syn hichte beskieden. Mocht er echt ynset wurde, dan ferwurket er sa'n 180 kúb wetter yn de oere.
Ta fergelyk, de Marsumer mole dy't ek eigendom fan de stichting is, docht dat yn in kertierke. Yn dat Marsum hat de stichting twa molen, yn Menaam ek twa en yn Dronryp trije. Dy iennige 'vreemde eend in de bijt' is in Amerikaanse wynmotor, dy't de stichting yn Deinum stean hat.
Jubileumaktiviteiten
Mole Kingmatille by Dronryp draait sneon fan 14.00-17.00 oere. De mole is berikber fia de Keimptilsterdyk. It giet om de twadde mole dy'tst dêr tsjin komst.
Mear ynformaasje oer dizze en de iepen dagen by de oare molens is te finen op de Facebookside fan de stichting.
Op 14 juny hâldt de stichting in kuier- en fytstocht lâns syn molen. Dy wurdt organisearre tegearre mei Friesland Beweegt. Mear ynformaasje fynst op de webside fan dy organisaasje.
Frege nei de takomst tinkt Lute Pen dat de stichting dy wis hat. Hy fernimt dat oerheden der it belang fan ynsjogge en der jild foar oer hawwe. Ek it publyk trouwens: twahûndert donateurs soargje alle jierren foar 5.000 euro oan ekstra ynkomsten.
Sytse Algra hopet yntusken dat dat tal donateurs troch de moledei sneon noch wat groeie sil. En wa wit sit der in frijwilliger by dy't mei foar it behâld fan de molen soargje wol. Al tinkt er sels noch lang net oan ophâlden. Miskien komt er nei syn pensjoen ek wol troch de wike. Op de fyts, as it heal kin.