Omrop Fryslân

Dit is wêrom't Skier de dupe is fan 500 jier âld grinskonflikt tusken Nederlân en Dútslân

Rivier de Iems, heart dy no by Nederlân of Dútslân?
© Omrop Fryslân
Wêr leit krekt de grins tusken Nederlân en Dútslân yn it wetter fan de Iems? Dy fraach soarget al hûnderten jierren foar argewaasje tusken beide lannen.
It is in fraach ek dy't sels yn 2025 noch ympakt hat op it gebiet oan de Noardseekust.
Miskien is it dy wolris opfallen op de kaart mei maritime grinzen fan Nederlân. De grins begjint foar de kust fan Seelân, mar einiget in hiel stik boppe Skiermûntseach midden yn 'e Noardsee.
Dat komt om't Nederlân en Dútslân it al 561 jier net iens wurde kinne oer wêr't no krekt de grins yn de Iems leit.
De grins ûntbrekt by it stikje Nederlân en Dútslân
© Omrop Fryslân
It is it resultaat fan in grinskonflikt dat weromgiet nei de midsiuwen.
Datselde grinskonflikt soarget hjoed-de-dei foar ekstra tûkelteammen by sawol de gaswinning boppe Skiermûntseach as it oansluten fan grutte wynparken op 'e Noardsee.
Hoe sit dat krekt?

Roomske keizer

Ulrich I Cirksena wie in East-Fryske Ryksgraaf. Yn 1464 hie hy gebieten yn it hjoeddeiske Dútslân en Fryslân yn besit. Mar de grinzen fan syn gebiet wiene net hielendal dúdlik.
Dêrom die hy in berop op de Roomske keizer, Frederik III. Dy kaam mei in saneamde 'lienbrief'.
Graaf Ulrich I (1408-1466) fan East-Fryslân
© Bildarchiv der Ostfriesischen Landschaft
Dêryn stie dat de Iems by East-Fryslân (no Dútslân) hearde.
Mar neffens histoarikus Oebele Vries fan de Fryske Akademy rôp dat mear fragen op as antwurden.
Sjoch hjirûnder nei in wiidweidige útlis oer it konflikt troch Oebele Vries:
Histoarikus Oebele Vries oer it ûnstean fan it grinskonflikt tusken Nederlân en Dútslân
Yn 1558, hast hûndert jier letter, ha de East-Friezen dan ek in 'trúk' úthelle, seit Vries.
"Sy fregen om bekrêftiging fan de brief. Mar dêryn hiene se sels derby set dat it gie om de folsleine Iems. En de keizer hat dy brief bekrêftige."

Napoleon

Yn 1795 foel Frankryk, ûnder oanfiering fan Napoleon Bonaparte, Nederlân binnen. Under de Frânske besetting waarden ferskate bestjoerlike herfoarmingen trochfierd.
Sa waard yn 1806 it Keninkryk Hollân foarme. In jier letter kaam de regio East-Fryslân by dat keninkryk en sadwaande wie it konflikt tydlik oplost.
East-Fryslân kaam yn 1807 by it Keninkryk Hollân
© Omrop Fryslân
In pear jier letter, nei de nederlaach fan Napoleon, lôge it konflikt wer op. East-Fryslân wie ommers gjin ûnderdiel mear fan Nederlân.
Dútslân woe werom nei de situaasje fan foar 1807, mar neffens Nederlân soe de grins yn it midden fan de Iems lizze moatte.

Iems-Doalertferdrach

Yn 1960 binne der wol ôfspraken makke oer gearwurking. Sa is der in kommisje, dêr't sawol de Nederlânske as de Dútske Rykswettersteat tegearre yn oerlizze oer it behear fan it gebiet.
Grinzen yn it Iemsgebiet
© Omrop Fryslân
Ek waard doe in grins fêststeld, mar dat wie inkeld mar foar in lyts stikje fan de kust ôf.
Oer it stik troch de Iems oant foarby de Waadeilannen bleau de diskusje bestean.

Gjin grins op 'e kaart

Der is noch altyd gjin oerienstimming oer wêr't de grins tusken Dútslân en Nederlân no feitlik leit.
Dêrom stiet dy grins offisjeel ek net yntekene op de kaart mei maritime grinzen.

Stroomkabel

Sa spilet it konflikt in rol by it oanlizzen fan in stroomkabel fan wynparken op 'e Noardsee nei de Iemshaven.
Noardlike bestjoerders en belange-organisaasjes ha nammentlik in grutte foarkar útsprutsen om dy kabel troch de fargeul fan de Iems te lizzen, de saneamde Oude Westereemsroute.
Jorien Bakker fan Natuurmonumenten leit hjirûnder út hoe't it iuwenâlde konflikt ynfloed hat op de lizzing fan de stroomkabel:
Jorien Bakker fan Natuurmonumenten begrypt net dat Dútslân en Nederlân yn 2025 noch in grinskonflikt ha
Mar dêr is dus tastimming fan Dútslân foar nedich. Neffens it ministearje fan Klimaat en Griene Groei is ferskate kearen oanjûn dat de Dútsers dy tastimming net jaan sille.
En dus seit minister Sophie Hermans net oars te kinnen as de kabel ûnder Skiermûntseach oan te lizzen.

Aktueel

De fraach fan Ryksgraaf Ulrich I Cirksena fan East-Fryslân út 1464 is dêrmei noch altyd net beäntwurde.
Sterker noch, it hûnderten jierren âlde skeel oer in grins yn it wetter is miskien wol aktueler as ea.

Ha Dútsers gelyk?

Al is it foar histoarikus Oebele Vries in útmakke saak.
"De Dútsers ha gelyk, en dat al hast fiifhûndert jier. Dat sis ik net graach, mar we kinne net om de bekrêftiging út 1558 hinne. Ek al is dy basearre op falske ynformaasje."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.