Minister Sophie Hermans kiest foar swiere stroomkabel ûnder Skiermûntseach
Der liket dochs in swiere stroomkabel foar wynenerzjy ûnder it eilân Skiermûntseach troch te kommen. Dy kabel is nedich om de stroom fan grutte wynparken op de Noardsee nei de Eemshaven yn Grinslân te bringen, seit minister Sophie Hermans fan Klimaat en Griene Groei.
De minister hat dit moandei op it provinsjehûs yn Grins meidield oan de provinsjes Fryslân en Grinslân en ek oan boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach.
De rûte ûnder it eilân troch hat de foarkar fan it ministearje, omdat dy neffens Hermans flugger realisearre wurde kin en technysk minder komplisearre is as de ek foarstelde eastlike fariant troch in lange tunnelbuis.
Programma Aansluiting Wind Op Zee
PAWOZ is de namme dy't bestjoerlik en polityk Nederlân jûn hat oan de útdaging om in swiere stroomkabel oan te lizzen fan de Noardsee nei de Eemshaven ta. PAWOZ stiet foar Programma Aansluiting Wind Op Zee.
Koartsein wurdt hjirby ûndersocht wat de beste rûten binne om grutte wynparken yn de Noardsee te ferbinen mei de Eemshaven. Op de rûten komme swiere stroomkabels te lizzen. Dêrmei kin de stroom fan de wynparken keppele wurde oan it heechspanningsnet.
Op de Noardsee komme foarearst twa grutte wynparken. It giet om de parken Ten Noorden van de Waddeneilanden (TNW) en Doordewind. Mei-inoar moatte dy 4,7 gigawatt stroom leverje.
Dat is de krêft dy't rûchwei nedich is om sa'n 5 miljoen húshâldingen in jier lang fan stroom te foarsjen.
Minister kiest foar stroomkabel ûnder Skiermûntseach
"Ik begrijp heel goed dat Schiermonnikoog en de regio hier niet blij mee zijn, maar we hebben ook haast met de energietransitie", seit Hermans. Likegoed is it neffens har út technysk eachpunt wei de bêste opsje. Hermans heakket deroan ta dat it beslút noch net definityf is.
De minister wol yn febrewaris in definityf beslút nimme. Oanslutend giet it foarkarstrasee de ynspraakfaze yn en kin elk dy't dat wol reagearje.
Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach waard moandei ek bypraat troch de minister. Nei ôfrin fan it oerlis wie sy bot teloarsteld.
"We hebben het hier wel over UNESCO-werelderfgoed en om een van de meest ongerepte stukken van de Waddenzee waar de kabel doorheen moet", seit Van Gent. "Er gebeurt al zo veel in de Waddenzee, dat moet echt een keer ophouden."
Goeie alternativen
Van Gent heakket deroan ta dat se foar wynenerzjy op see is. "Maar doe die plaatsing van de stroomkabels dan zorgvuldig en niet dwars door ons nationaal park."
Neffens Van Gent binne der goeie alternativen yn de foarm fan twa trasees eastlik fan it eilân. "Wij leggen ons hier zeker niet zomaar bij neer. En als het toch gebeurt, dan moet de natuur stevig gecompenseerd worden."
Yn desimber gie noch in brief út it Noarden wei nei minister Hermans. Dêryn spruts de regio fan 'een sterke voorkeur voor een van de twee oostelijke routes, te weten de Eemshaven-tunnelvariant of de Oude Westereemsroute'.
Dat soene de meast takomstbestindige rûten wêze 'die goed aansluiten bij de economische ambities die in de regio leven, maar ook antwoord bieden op toekomstige aanlandingen'.
Noed oer de gefolgen
Undertekeners wiene ûnder oare de noardlike provinsjes, Wetterskip Fryslân, de gemeenten Skiermûntseach en Noardeast-Fryslân, mar ek belange-organisaasjes lykas Natuurmonumenten, de Waadferiening en LTO Noord.
De lêste organisaasje sit yn noed oer de gefolgen fan de oanlis fan de swiere stroomkabel troch it poatierappelgebiet yn it noarden fan Grinslân.
Wantij
Natuerbeskermers fine de rûte ûnder it eilân troch en oer it saneamde wantij eins de minste opsje. Op it wantij komme de seestreamingen fan de Noardsee inoar tsjin; it is der relatyf ûndjip en it tij hat hjir de minste krêft.
Dêrtroch is it in reedlik rêstich stikje Waad dêr't in soad libben op mooglik is; fan seegers oant skulpen en wjirmen. Dat lûkt wer in soad fûgels oan.
Op Skiermûntseach briede ek in soad leppelbekken. Nei it briedseizoen krije sy nije fearren en lûke sy harren werom op rêstige plakken op it Waad. Troch ien fan de wichtichste plakken dêrfoar, foar de Grinslanner Waadkust, moat aanst de stroomkabel oanlein wurde.
LTO ek tsjin
De kabel moat by Pieterburen oan lân komme en dêrnei troch lânbougebiet nei de Eemshaven rinne. Yn dat gebiet is fersilting fan de grûn in tema dat bot spilet.
LTO Noord is benaud dat de fersilting allinnich mar tanimt wannear't der in stroomkabel troch it gebiet lein wurdt.
Deputearre Sijbe Knol fan Provinsje Fryslân wol mei it Ryk prate oer 'stevige kompensaasje' fan "de safolste oanslach op ús lânskip". "It Ryk wit ús altyd goed te finen as se wat nedich hawwe. Dan wol ik ek yn petear oer kompensaasje."
Knol is lykas boargemaster Van Gent absolút gjin foarstanner fan in stroomkabel ûnder it eilân Skiermûntseach. "Myn idee is: nim de tiid en kies in fariant dy't de takomst treast is."
Knol tinkt dan oan de tunnelfariant eastlik fan Skiermûntseach of de Westereemsfariant. "No hawwe je kâns dat je noch in kear moatte as de kabel ûnder Skiermûntseach der leit."
Syn kollega-deputearre Johan Hamster fan de provinsje Grinslân fynt it foaral fan belang dat de swiere stroomkabel yn de Eemshaven útkomt. "De industrie daar heeft de energie echt nodig. Maar ook wij kiezen hartgrondig voor het oostelijke tracé en niet voor dat door Schiermonnikoog."