Omrop Fryslân

Emoasjes rinne heech op by gearkomste oer stroomkabel ûnder Skiermûntseach

Der wienen in soad fragen by de ynringearkomste
© RTV Noord
Yn in drokke gearkomste oer de oanlis fan stroomkabels ûnder Skiermûntseach binne de emoasjes heech oprûn. "Blijf van de natuur af!" en "Onbegrijpelijk", klonk it.
De kabels binne bedoeld om enerzjy fan in wynpark op de Noardsee nei de Eemshaven te transportearjen. De rûte troch Skiermûntseach hat foar minister Sophie Hermans de foarkar.

'Te min stim foar de natuer'

By de gearkomste fan woansdeitejûn joech it ministearje fan Klimaat en Griene Groei útlis oer it ûndersyk dat dien is nei de plakken dêr't de ferbining it bêste oanlein wurde kin.
Eilanners hawwe twivels oer it plan. Sy stelden in soad fragen, benammen oer de gefolgen foar de natuer.
Soad emoasje op ynfogearkomste oer stroomkabels Skiermûntseach
"Ik vind dat de natuur te weinig stem heeft", seit Garda Meerdink oer it plan tsjin RTV Noord. "Die kabels stralen warmte af en dat heeft effect op de natuur en de bodem. Ze hebben me vanavond niet goed kunnen uitleggen wat de aanleg precies betekent voor de natuur."
Ik ben mij wild geschrokken. Heb je gezien wat voor machines daarvoor nodig zijn?
Garda Meerdink fan Skiermûntseach
Meerdink is fierder skrokken fan it tal boarringen dat nedich is. Der moatte seis kabels ûnder it eilân trochlutsen wurde.
"Ik ben mij wild geschrokken. Heb je gezien wat voor machines daarvoor nodig zijn? Die komen hier allemaal de natuur verstoren."
Utlis op de ynformaasjegearkomste
© RTV Noord, Jeroen Berkenbosch
It ministearje hie ek as opsje om in tunnelfariant yn see oan te lizzen, eastlik fan it eilân.
Mar om't dy pas yn 2036 klear wêze soe, is der in oare kar makke. De kabels ûnder Skiermûntseach trochlûke kin al trije jier earder klear wêze.
It soarget foar ûnbegryp. "Kunnen ze nou echt niet die 3,5 jaar wachten?", freget Jan Willem Louwerens him ôf.
"Tijdens de coronacrisis werden dingen ook snel opgepakt en door de dreiging van Rusland worden ook defensieplannen versneld aangepakt. Dat kan met de bouw van deze tunnel toch ook?"
De rûten
© Omrop Fryslân
Netbehearder Tennet wie ek op de gearkomste, om út te lizzen dat it oanlizzen fan de kabels neffens har op in ferantwurde wize kin.
Troch de start- en einpunten bûten de kwelders en oan de râne fan it strân te lizzen, kinne de gefolgen neffens Tennet beheind wurde.
"Omdat we onder het eiland door boren, is er aan de oppervlakte nauwelijks iets te merken", seit Frank Timmer fan TenneT. "Alleen voorafgaand moeten er enkele bodemonderzoeken worden uitgevoerd, maar verder gebeurt het meeste buiten het eiland om."

In slúf yn it wantij

Op it wantij kin TenneT in 'Wadtrencher' brûke, dat is in wein op rupsbannen mei minimale druk op de ûndergrûn.
Dizze masine makket de slúf wêryn't de kabels djip genôch lein wurde kinne. Dy slúf spielt letter wer ticht.
Sa'n masine is nedich om kabels te lûken troch it waad
© Rykswettersteat
Jorien Bakker fan Natuurmonumenten hat nettsjinsteande dat noed oer it wurk.
"De zorgen die wij als natuurorganisatie hebben, worden breed gedeeld door de eilanders. Logisch, zij kennen dit gebied als geen ander en weten wat er op het spel staat."
Der wie wol stipe foar de eastlike rûte, mar neffens it ministearje is dêrfoar tastimming fan Dútslân nedich. En de Dútske autoriteiten binne net posityf oer de oanlis fan kabels dêr.

Beswier

Minsken dy't beswier hawwe tsjin de plannen foar de stroomkabel kinne noch oant 10 april in sjenswize yntsjinje. De gemeente Skiermûntseach en ferskate natuerorganisaasjes hawwe al oankundige dat te dwaan.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.