Drachten wol mei help fan robots it Boston fan Nederlân wurde
Leafhawwers fan robots moasten dizze wike yn Drachten wêze. De direkteur fan it meast foaroansteande bedriuw op it mêd fan robots kaam spesjaal foar in kongres fan Boston nei Drachten ta. "Ik freegje him sa foar in hanteken op myn robot."
Hilbrand Westra (21) út Deinum hat syn eagen útsjoen op it kongres. "Je komme hjir binnen en je sjogge gelyk allegearre fette robots. Je steane even te praten en ynienen komme der twa robots foarby."
Westra mocht syn eigen robot presintearje. It is in soarte fan bestjoerber weintsje dat echt alle kanten op rôlje kin.
Foar de studint elektrotechnyk oan hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert is it spesjaal dat de direkteur fan Boston Dynamics yn Fryslân wie. "Dat is echt ít bedriuw ast in robot wolst. Prachtich dat hy hjir is. Je soene ek net ferwachtsje dat soks yn Drachten hâlden wurdt."
Robots feroverje Drachten
Westra wol graach even prate mei Aaron Saunders, de technysk direkteur fan Boston Dynamics. "Wy wiene sels ek fan doel om mei ús robot efkes nei him ta te gean. Ik ha in stift by my, ik freegje him sa foar in hanteken op myn robot."
De earste edysje fan it Nationaal Congres Autonomous Systems wurdt organisearre troch it Ynnovaasjekluster Drachten, in gearwurkingsferbân fan ferskate technyske bedriuwen dat ynset op 'autonomous systems': robots dy't ûnbemanne oan it wurk kinne.
Fan robothûnen oant busdoarren
Dat kin gean om robots fan alle soarten en maten: fan in robothûn fan Boston Dynamics oant de automatyske busdoarren fan Ventura Systems yn Boalsert.
Neffens Joost Krebbekx fan it Ynnovaasjekluster Drachten is it wichtich en bysûnder dat sa'n kongres yn Drachten is. "Je laat zo zien wat je allemaal in de regio doet op het vlak van technologie. Niet alleen voor de regio is dit belangrijk, maar het heeft ook nationale allure."
De kers op de taart is neffens Krebbekx dat Technysk Direkteur Aaron Saunders fan Boston Dynamics foar in presintaasje yn Drachten de grutte plasse oerstutsen is.
Dan hoech ik Fryslân net út.
Wêrom't it sa belangryk is, kin studint Westra útlizze. Hielendal foar studinten út Noard-Nederlân kinne inisjativen lykas dit kongres wichtich wêze.
"As hjir yn 'e buert in moai bedriuw sit, dan gean ik dêr grif hinne", seit Hilbrand. "Dan hoech ik Fryslân net út. In kertierke ride en hast in prachtich bedriuw om by te wurkjen."
Joost Krebbekx sjocht it ek sa. "Studenten mogen een paar jaar naar Australië gaan, maar ze weten dat hier ook hele interessante bedrijven zijn om naar terug te komen."
Neffens Boston Dynamics-direkteur Saunders bart der yn alle gefallen genôch yn Drachten op it mêd fan autonome systemen. "Yn dizze regio hearsket in moaie kultuer op it mêd fan ynnovaasje en autonome systemen. It is cool om te sjen wat yn Drachten bart op it mêd fan technology."
Drachten wol graach it Boston fan Nederlân wurde. Saunders makket him gjin soargen oer konkurrinsje út Fryslân wei. "Der is safolle romte foar dizze foarm fan technyk, yn stee fan konkurrinsje sjogge wy foaral mooglikheden om gear te wurkjen."