It technysk talint fan de takomst komt miskien wol fan Drachten

Stockfoto healthcare technology
Nije campus foar soarchtechnology yn Drachten © Shutterstock (S_L)
Drachten moat it hightech-hert fan Fryslân wurde. Ryksuniversiteit Grins wol in campus yn it doarp bouwe dêr't technyske studinten oplaat wurde.
De Campus Drachten sil him rjochtsje op soarchtechnology en hightech ynnovaasje, wêrby't der gearwurke wurdt mei partners út it bedriuwslibben, lykas Philips en sikehûs Nij Smellinghe.
Mei ynnovaasje en effisjinsje soe de soarchfraach yn de soarchsektor beheind wurde kinne. Boppedat soe troch wittenskip en yndustry te ferbinen de ekonomy yn it noarden fan it lân fersterke wurde.

Gearwurking

Ek wurdt der gearwurke mei de gemeente Smellingerlân. Neffens boargemaster Jan Rijpstra is de nije campus wichtich foar de gemeente: "It lit sjen dat wy tawijd binne oan ynnovaasje en ûnderwiis. Dit is in stap foarút yn it fersterkjen fan ús lokale ekonomy en mienskip."
Neist earder neamde inisjatyfnimmers wurkje ek Innovatiecluster Drachten, NHL Stenden, en Firda mei oan it projekt.