Libben yn Hounspolder by Ljouwert fêstlein op film: "Tichtens fan greidefûgels is gigantysk"
Briedende ljippen en skriezen mei aaikes: in fjouwertal natuerleafhawwers makket in film yn de Hounspolder, in gebiet krekt súdlik fan Ljouwert.
Mei in enoarme lins sit Stanley Quarré yn syn stuoltsje hast op de grûn. Achter it reid ferstoppe, sa't de fûgels him net fernimme. It is prachtich waar en de fûgels litte harren goed hearre.
Yn de polder lizze grutte plassen wetter. De perfekte omstannichheden foar greidefûgels. "De polder sels is mar 8,5 hektare, dat is mar in lytse greidefûgelhoeke, mar de tichtens is gigantysk", seit behearder fan de polder en ien fan de fjouwer filmmakkers Roel Boersma.
"Der sitte ûnder oare 25 span skriezen bymekoar, mar ek 20 span ljippen, 15 span strânljippen en 25 span tsjirken. It is foar greidefûgels echt in paradyske."
Oan fideograaf Quarré de taak om al dy bistjes der sa moai mooglik op te krijen. It geheim fan de master? "Geduld."
"Je moatte in bytsje sjen wat der yn de fûgels omgiet, en wêr't de predatoaren binne. Je moatte dus behoarlik 'zen' wêze."
We ha oan alle kanten lêst fan bedrigingen.
De film hat de maitiid as fokus. Fan it begjin oant de ein fan de maitiid sitte Quarré en kollega Robert Bruins in protte yn de polder, somtiden yn in tintsje om de fûgels sa ticht mooglik filmje te kinnen.
"Wy wolle bygelyks in mantsje sjen litte dat mei in froutsje giet, dat der aaien komme en dat der lytskes komme. Dat hiele patroan wolle wy eins wat fêstlizze."
In saak dêr't it fjouwertal noch wol soargen oer hat, is de komst fan fjouwerhûndert huzen njonken de polder.
"We ha oan alle kanten lêst fan bedrigingen, fan wenningbou, en in soad negative publisiteit. En eins is it sa'n unike lokaasje ûnder de reek fan Ljouwert. Dus wolle wy gewoan sjen litte hoe moai dat de polder is."
Huzebou
Boersma-en-dy ha noch hoop dat it plan foar de huzebou fan tafel giet, of dat de buffersône tusken de polder en it bougebiet grutter wurde sil.
In foarpriuwke is te sjen yn de trailer hjirûnder:
"Dy hoop moatte wy altyd hâlde. It bestimmingsplan is oannaam en der rinne noch twa prosedueres fia de Ried fan Steat. Dy wurde yn behanneling naam en dat is eins ús lêste strohalm om te sjen oft wy it keare kinne."
Wa't benijd is nei de leafdes fan de greidefûgels moat noch efkes wachtsje oant de simmer. Dan komt de film fan tusken de twintich en tritich minuten út.