Omrop Fryslân

Fryslân: Ryk moat no miljoenen útjaan oan greidefûgels, en net pas takom jier

In roppende skries op 'e jûntiid by de Blaugerzen
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
De fiifhûndert miljoen euro dy't it Ryk jierliks ekstra útjaan wol foar agrarysk natuerbehear yn Nederlân moat net pas yn 2026 beskikber komme, mar no al. Dat sei deputearre Matthijs de Vries.
"Wy binne hiel bliid mei dy fiifhûndert miljoen út Den Haach. Dy komt allinnich pas yn 2026 en wy wolle dat no. Wy wolle ek langjierrige behearskontrakten foar ús lânbou. Want seis jier is te koart", fynt deputearre De Vries.
Deputearre Matthijs de Vries
© Omrop Fryslân
Ynstee dêrfan soene boeren kontrakten foar tolve jier natuerbehear krije moatte. As boeren dêr wis fan binne, binne de risiko's in stik lytser at je je bedriuwsfiering oanpasse op dat natuerbehear.

Minder mûzen

De deputearre wol ta nei mear, gruttere oaniensletten gebieten mei in goed bioferskaat foar greidefûgels dêr't sy minder kwetsber binne foar rôfbisten. Dit jier kaam dat op 'e kop ferkeard trochdat der folle minder mûzen wienen dêr't rôfbisten en fûgels op it stuit bot ôfhinklik fan binne. Greidefûgels binne dan as alternative proai it bokje.
Sa binne der folle minder skriezepiken útflein as nedich binne om de populaasje op peil te hâlden. Ek mei de ljip en de strânljip wie it in minne maitiid, sa sizze de gearstallers fan de greidefûgeljiersifers.
In skriezepyk
© Omrop Fryslân/Remco de Vries
Allinnich mei de tjirk giet it yn ferhâlding wat better.
"It is wol dúdlik dat der in relaasje is tusken in min mûzejier en it briedsúkses fan de greidefûgels. Trochdat sy ek mear konsintreare briede, binne sy ek nochris ekstra kwetsber yn it lânskip sa as wy dat brûke", seit Teade de Boer. Hy is fanút it Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW) belutsen by it opstellen fan de greidefûgelsifers.

Motivaasje fan frijwilligers

Dit hat ek gefolgen foar de motifaasje fan de frijwilligers yn it fjild. BFVW-foarsitter Keimpe Strikwerda krige dêr fan it maitiid in soad berjochten oer. En dy frijwilligers binne hiel wichtich.
Anne Venema (67) út Goutum is ien fan harren en hy krige freed in keninklike ûnderskieding foar syn ynset foar ûnder oare de fûgels yn de Hounspolder.
"Dêr ha ik seker noed oer", seit deputearre De Vries oer de motivaasje by de greidefûgelfrijwilligers. Hy is it ôfrûne jier in soad op wurkbesite west en hat in soad motivearre frijwilligers troffen, mar ek profesjonele greidefûgelbeskermers.
At dy alles opfretten weromfine "is dat in hiele grutte teloarstelling foar dy minsken. En it is net it earste jier dat it net sa goed giet, mar dit is wol in hiel min jier."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.