Twadde oanfal yn 24 oeren yn Nijhoarne: wer in tsiental skiep dea
Yn Nijhoarne hat moandeitemoarn wer in oanfal west op in keppel skiep. It is de twadde yn 24 oeren foar boer Martin Reitsma.
Oft de oanfal troch in wolf dien is moat noch ûndersocht wurde.
Reitsma waard moarns oan de keukentafel belle troch in oare boer dat der wer deade skiep yn syn lân leine. Alve skiep fan Reitsma moasten in spuitsje krije nei ferwûningen en noch in oantal wiene al dea.
Juster wie it ek al raak yn Nijhoarne. Yn totaal waarden sa'n fjirtich skiep slachtoffer, wêrfan fjirtjin fan Reitsma. "It wie in slachfjild, de ravaazje is enoarm. It is gewoan in tryste moardlustige beweging wêr't wy ynsitte. In hiel grut drama."
Gjin wolfkearende rasters
De boer hat gjin wolfkearende ôfrastering en sjocht dêr ek gjin mooglikheden ta. "As se my ferplichtsje moatte om wolfkearende ôfrastering te pleatsen, dan is it foar my einde oefening. Dat hâld ik finansjeel ek net fol."
Martin Reitsma reagearret hjirûnder op de oanfal, de bylden yn de fideo's kinne as skokkend ûnderfûn wurde:
Martin Reitsma oer syn fee dat deabiten is
Bistedokter Jaap Baerveldt fan De Gerdyk moast te plak komme om te sjen hokker bisten noch te rêden wiene. "Helaas is het vaak beter om de meeste schapen die gebeten zijn te euthaniseren. Als ze gebeten zijn worden ze vaak besmet met een heel smerige bacterie onder de tanden van de wolf, dan gaan ze vaak later nog dood."
DNA-ûndersyk
Baerveldt sjocht dat hy en syn kollega's hieltyd faker komme moatte foar in fermoedlike wolve-oanfal. "Tot ons grote verdriet. Helemaal hier bij de Tjongervallei komt het steeds vaker voor."
Wolve-oanfallen ferskowe nei noardwesten
De oanfallen fan wolven op skiep en oare bisten beheine har net mear ta de direkte omkriten fan it Drents-Friese Wold, dêr't ien keppel tahâldt.
Fan de oanfallen sûnt mids desimber ferline jier is noch net offisjeel fêststeld dat dy troch wolven wiene. Mar út in analyze fan de sifers fan foar dy tiid docht bliken dat wolven it paad nei it noardwesten fan Fryslân hieltyd faker witte te finen.
Der ha sûnt begjin ferline jier meardere oanfallen west yn Aldhoarne en Ketlik. Rjochting it westen, yn bygelyks Teridzert en Aldeholtwâld nimt it tal oanfallen ek ta.
Ek noardlik fan it Drents-Friese Wold hat de wolf taslein, ûnder oare yn Oerterp, Olterterp en Sigerswâld.
"Een schaap is een dier die eigenlijk heel goed buiten zou moeten kunnen. Als dat niet meer kan door de wolf is dat heel verdrietig."
Bistedokter Baerveldt oer de deade skiep
In ûnôfhinklike taksateur hat yn opdracht fan organisaasje Bij12 hat DNA ôfnaam en ûndersiket oft der yndie in wolf yn it spul west hat. Begjin maaie wurde de resultaten fan it DNA-ûndersyk ferwachte. Foar no giet it om in fermoedlike wolve-oanfal, stelt de organisaasje.