Bluodrichste wike yn jierren: hast 70 deade skiep yn seis dagen tiid
It nije jier is net goed begûn foar in tal Fryske skieppehâlders. Yn de earste wike fan jannewaris gienen 69 skiep dea by fjouwer oanfallen troch - nei alle gedachten - wolven.
It wie de bluodrichste wike sûnt de wolf him in tal jierren lyn yn Fryslân fêstige hat. Skieppehâlders wurde wat langer wat mismoediger. En ek feedokters pakke dermei om.
Kees Terpstra fan Jonkerslân weidet 1.200 skiep ferspraat oer hûnderten bunders lân. Om de twa, trije wiken moatte se nei oare stikken greide.
Trije wiken lyn krige ien fan syn keppels in oanfal te ferduorjen. Terpstra is der wis fan dat it om ien of mear wolven gie. Hy rekke achttjin drachtige skiep kwyt.
En it wie net de earste kear. Twa jier lyn oerkaam it him ek.
Beskerming is dreech
Foar Terpstra is it praktysk sjoen in hiele opjefte om de skiep te beskermjen. Wolfkearende rasters binne foar him gjin opsje, omdat er syn skiep hieltiten ferpleatst. "It is ûnmooglik foar my, ik begjin der net oan."
Soe in spesjale bewekkingshûn in oplossing wêze? "Dat wolle de boeren net dêr't ik de skiep yn it lân ha", seit Terpstra.
It giet om feeboeren dy't winterdeis de skiep it gers koarthâlde litte, as de kij yn de stâl steane.
Hûnen kinne in sykte oerbringe op it fee, dêr binne boeren benaud foar.
Dan is der mar ien opsje: ophâlde
"Der is mar ien oplossing en dat is de skiep yn it hok. Mar dan moatte de doarren wol goed ticht, want oars komt er der noch yn."
Deadlike roedel
Der binne op it stuit alve wolvekeppels yn Nederlân. De measten dêrfan ha har fêstige op de Veluwe.
De keppel dy't foar de skea yn Fryslân soarget, hat syn territoarium yn en om it Drents-Friese Wold hinne.
Se soargje dêr al in oantal jierren foar grutte skea. Allinnich yn 2024 al gie it om 134 registrearre oanfallen en 448 deade bisten.
Op in oar plak buorkje, fierder út de buert fan de wolvekeppel yn Súdeast-Fryslân, sjocht Terpstra ek net sitten.
"Dan moat ik nei it eilân. Mar noch even, en dan is er dêr ek. Dan is der mar ien opsje: ophâlde."
Rekôrtal skiep deabiten
Net allinne skieppehâlders binne klear mei de wolf. Ek feedokter Hans Veenstra fan de bisteklinyk yn Wolvegea hat skjin syn nocht.
Hy hat geregeld te krijen mei de gefolgen fan in wolve-oanfal. "Het neemt extreme vormen aan, het wordt steeds erger voor mijn gevoel", seit hy.
Hy of syn kollega's wurde ynskeakele as bisten slim ferwûne rekke binne. It is syn wurk, mar hjir is er gjin feedokter foar wurden, seit Veenstra.
"Dit is niet de bedoeling, het is echt niet leuk."
Die beesten lijden ernstig.
Skiep dy't yn de strôt biten binne of yn de bealch pakt, de fellen hingje der bytiden by, dat is wat er oantreft.
"Die beesten lijden ernstig. Het zijn verschrikkelijke beelden. Om ze te euthanaseren, geven we ze een roesje, maar door de stress werkt het roesje niet goed. Ze lijden echt."
Veenstra wol him net dellizze by de situaasje. "Ik ga niet in een hoekje zitten huilen, ik word er eerder wat strijdbaarder van. Dit is een groot probleem in Nederland. We moeten er gewoon voor zorgen dat het aangepakt wordt en dat die wolf uit Nederland verdwijnt, uiteindelijk."
Dat dat in dreech ferhaal wurdt - de wolf is ommers in beskerme bist - sjocht Veenstra ek wol. It iennichste wat hy dwaan kin, is it oan de kaak stelle, seit er.
"We moeten het blijven melden en laten zien aan de buitenwereld wat voor schade de wolf aanricht."
Soad slachtoffers by fjouwer oanfallen
Hoe't it kin dat yn sa'n koart skoftke tiid by mar fjouwer oanfallen safolle skiep it slachtoffer waarden, is net krekt te sizzen.
It soe wêze kinne dat der relatyf soad skiep by elkoar yn de greide stiene, sadat wolven in soad slachtoffers meitsje koene.
Wat ek meispilet, is hoe't skiep reagearje op in oanfal. As se yn panyk reitsje, net fuortkomme kinne en omrinnen bliuwe, hapt in wolf krekt sa lang troch oant it rêstich is.
Omrop Fryslân koe allinne de situaasje op it plak fan de oanfal by skieppehâlder Kees Terpstra helder krije.
Foar de oare trije oanfallen is de organisaasje BIJ12 oansprutsen, dy't allegear ynformaasje sammelet oer wolveskea. BIJ12 koe lykwols noch net sizze oft it yn de oare gefallen echt om in wolve-oanfal giet, omdat it ûndersyk noch rint.
BIJ12
De gegevens oer wolve-oanfallen en de skea wurde byhâlden troch BIJ12. Dy organisaasje is ûnderdiel fan de Vereniging Interprovinciaal Overleg (IPO) en stipet de provinsjes by it útfieren fan dy har taken mei kennis, ynformaasje en data oer it lanlik gebiet en de leefomjouwing.
Yn it gefal fan de wolf hâldt BIJ12 ek de ûntwikkeling fan de wolvepopulaasje yn de gaten. De organisaasje publisearret dêr geregeld nije ynformaasje oer.
Feehâlders kinne har skea melde by BIJ12. Dy stjoert in taksateur del foar ûndersyk.