Omrop Fryslân

Minder wolveslachtoffers yn Flaanderen: wat kinne wy leare fan it 'Wolf Fencing Team'?

In stek fan it Wolf Fencing Team Vlaanderen
© Omrop Fryslân, Amber Otter
Wolven makken ferline jier yn Flaanderen hast de helte minder slachtoffers ûnder fee as it jier derfoar. It geheim dêrachter? In 'wolf fencing team'.
Flaanderen hat sûnt 2019 in groep frijwilligers dy't feehâlders helpe mei advys, mar ek mei it pleatsen fan wolfkearende stekken. En dat wurket, litte de sifers sjen.
Waarden yn 2022 noch hast 150 bisten it slachtoffer fan in wolve-oanfal yn Flaanderen, ferline jier gie it om 78. Yn dat jier ferdûbele it tal kilometers oan stekken.

Grutte animo foar stipe

Feehâlders steane yn de rige om holpen te wurden troch it Wolf Fencing Team Belgium, de organisaasje krijt hûnderten advysoanfragen.
Dat it bouwen fan stekken sa'n flecht nimt, komt ek trochdat de Flaamske oerheid de materiaalkosten hast folslein fergoedet mei subsydzjes. En de advizen fan it team binne fergees.
Sa wurket sa'n Wolf Fencing Team yn België:
It geheim fan Flaanderen: sa geane de Belgen de wolf te liif
In oare suksesfaktor is dat der oer en wer begryp is. De adviseurs fan it Wolf Fencing Team, mei in achtergrûn yn de natuerbeskerming, ha in iepen ear foar de noed fan de feehâlders en hâlde rekken mei elk syn eigen spesifike situaasje.
De lyntsjes mei de oerheid binne koart: as der problemen binne, wurdt dat fuortendaliks koartsletten.
Krúsjaal is dat alle partijen ynsjogge dat it foarkommen fan oanfallen de iennichste manier is om foarút te kommen. Want de wolf is der no ienkear en is net samar wer fuort, is de oerhearskjende miening yn Flaanderen.
Feehâlder Frank Martens krige help fan Wolf Fencing Team Belgium
© Omrop Fryslân, Amber Otter
It sukses fan it Flaamske Wolf Fencing Team falt ek ynternasjonaal op. It krige earder dit jier in Natura 2000 Award fan de Europeeske Kommisje foar natuerbeskermingsinisjativen yn Europa.

Nederlânske inisjativen

Net allinne yn Flaanderen is in Wolf Fencing Team aktyf, yn Nedersaksen yn Dútslân wurdt op sa'n selde manier wurke.
Yn Nederlân binne ek in pear organisaasjes dy't feehâlders helpe har skiep, kij, hynders of ponnys te beskermjen tsjin wolven. Dy regionale wolffencingteams jouwe benammen advys, want der is noch gjin regeling dy't de materiaalkosten foar in wolvestek folslein fergoedet.
Mar dêr komt mooglik feroaring yn.
Yn Nederlân is noch net in soad entûsjasme oer wolfkearende stekken
© Shutterstock
Ferantwurdlik steatssiktaris Jean Rummenie fan Natuer hat nammentlik ek it sukses fan it Flaamske Wolf Fencing Team sjoen. Syn eigen amtners ha der yn oktober op wurkbesite west.
De ynsichten dy't se dêr opdien ha, wol Rummenie brûke by it opsetten fan in lanlik team feebeskerming. Dêrby wurde ek de ûnderfinings brûkt dy't der yn Nederlân al binne mei de regionale wolffencingteams.

Noch net in soad entûsjasme yn Nederlân

Rummenie folget ek wat der yn Gelderlân bart. Dêr wurde stappen set foar in proef mei in Gelders Team Veebescherming. Neffens de steatssiktaris binne dy plannen op te skalen nei in lanlike fariant.
Yn Nederlân is noch net in soad entûsjasme oer wolfkearende stekken. Feehâlders skrikke werom foar de kosten en it ûnderhâld, want dêr draaie se no sels foar op.
Boppedat binne der foarbylden fan wolven dy't har net tsjinhâlde lieten troch in stek.
Foarsitter Albert van der Ploeg fan de feriening Noardlike Fryske Wâlden
© Remco de Vries, Omrop Fryslân
LTO-bestjoerder Albert van der Ploeg tinkt net dat it Flaamske systeem ien op ien ta te passen is op de Fryske situaasje. Neffens him kin it wol as fee beskerme wurdt troch permaninte omheiningen.
Mar skieppeboeren ferpleatse har bisten foaral simmerdeis om de pear wiken. It is dreech om de skiep yn dy omstannichheden te beskermjen. Dat kostet te folle tiid en jild en dêr krijt in skieppeboer gjin fergoeding foar.

Leanwurkers ynsette

Van der Ploeg soe wol ta wolle op in systeem wêrby't leanwurkers wolfkearende stekken delsette en kontrolearje. Dêr soe it Ryk foar ta de bûse moatte.
Mar noch leaver sjocht Van der Ploeg dat de wolf better beheard wurdt en dat der gebieten yn Nederlân oanwiisd wurde dêr't de wolf net komme mei, lykas at dat no ek it gefal is mei de wylde bargen. Dat soe op termyn kinne, no't it der op liket dat de strang beskerme status fan de wolf oanpast wurdt.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.