Omrop Fryslân

Minister hoecht fan rjochter gjin wapenferlof te ferlienen om wolf ôf te sjitten

In wolf op 'e strún
© Shutterstock.com (AB Photographie)
Jagers dy't wolven delsjitte wolle om keppels skiep te beskermjen, kinne har wapen noch wer even opbergje. De rjochter hat besletten dat de minister gjin tastimming hoecht te jaan foar it gebrûk fan in wapen mei dat doel.
De minister moat in wapenferlof ferliene as de oanfrager dêr in reedlik belang by hat. Neffens de rjochtbank hat de minister terjochte gjin ferlof ferliend.
De easker wie in jager dy't frege is troch in feehâlder om de skiep te beskermjen tsjin wolven. De skiep fan de feehâlder binne yn 2022 alris oanfallen troch in wolf en hy is benaud dat dat nochris barre sil.

Net de goeie proseduere

Hy wol de wolf ôfsjitte litte as der wer in oanfal plakhat, mar dat mei dus net.
De oanfraach is ôfwiisd, omdat dy fia in oare prosedurele rûte gien moatten hie. Boppedat kin allinnich yn útsûnderlike gefallen fan selsferdigening in wapenferlof ôfjûn wurde.

Gebrek oan bewiis

Dat is yn dit gefal net sa, seit de rjochter. Der is net bewiisd dat der gjin wolfkearjende maatregels naam wurde kinne en dat dizze maatregels net folstiene yn de beskerming.
Dêrnjonken ha de jager en de feehâlder net bewize kinnen dat se net op tiid holpen wurde kinne troch de autoriteiten.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.