It iene stek is it oare net: sa hâlde je de wolf by de skiep wei
De wolf hâldt net op mei it meitsjen fan slachtoffers. Oant no ta binne dit jier yn Fryslân al oardel kear safolle skiep en oare bisten deabiten as yn deselde perioade ferline jier.
De rep om maatregels wurdt lûder. Hjoed praat sawol de provinsjale as de lanlike polityk oer de wolf. En de stichting Wolvenhek Fryslân hat aksje oankundige.
Wolfkearende maatregels
De wolf mei net bejage wurde; it iennichste dat feehâlders dwaan kinne, is de bisten besykje te beskermjen mei wolfkearende maatregels. Mar omdat net ien systeem 100 persint wetterticht is, binne dy maatregels foer foar diskusje. Wat moatte je dwaan as feehâlder?
De offisjele wei foar feehâlders rint fia de provinsje. Dêr kinne se subsydzje krije foar wolfkearende maatregels. It fergoedzjen fan skea fan in wolve-oanfal moat ek fia de provinsje.
Grave en klimme
De organisaasje BIJ12 hannelet út namme fan alle provinsjes de skeameldingen ôf en advisearret ek oer wolfkearende metoaden. Om se effektyf te meitsjen, is it belangryk om ynsjoch te krijen yn hoe't in wolf in ôfrastering de baas wurde kin, seit de organisaasje.
Sa wol it rôfbist der it leafst ûndertroch krûpe. As dat net wol, kin er ek grave. In iepening fan tweintich sintimeter is al grut genôch foar in wolf om trochhinne te krûpen. Fierder kin er ek oer in stek hinne klimme; en as it net heech genôch is, kin er der ek noch oerhinne springe, al docht in wolf dat fan natuere net sa gau.
Wolven binne gefoelich foar stroom. As in wolf in kear in flinke skok hân hat, leart er it gau ôf om it nochris te dwaan.
Easken foar in effektive ôfrastering neffens BIJ12
- De elektryske spanning op de stroomtriedden is op syn minst 4,5 kV.
- De ôfrastering moat in goed ierdingssysteem hawwe om goed te wurkjen. As dat net yn oarder is, stiet der te min stroom op de triedden en wurket it net goed genôch.
- De ôfstân fan de boppeste tried nei de grûn is op syn minst 120 sintimeter.
- De ôfstân fan de ûnderste tried nei de grûn is op syn meast 20 sintimeter.
- Foar tagongshikken jilde deselde easken as foar de stekken.
- Der is net in opstapmooglikheid heger as 30 sentimeter bûten de ôfrastering binnen in ôfstân fan twa meter
- Hâld skriktriedden frij fan begroeiing om spanningsferlies tsjin te gean.
Hoewol't guon Fryske feehâlders har bisten beskermje mei in ôfrastering dy't foldocht oan de advizen fan BIJ12, slagge it wolven dochs om der trochhinne te kommen en slachtoffers te meitsjen: 35 yn de ôfrûne seis jier.
It slachfjild ûnder fee dat net neffens de advizen fan BIJ12 beskerme waard is folle grutter. Tusken 2018 en augustus fan dit jier ha wolven yn sokke situaasjes 929 bisten deabiten of sa bot ferwûne dat se ôfmakke wurde moasten.
Hjirûnder is it ferskil te sjen tusken it wol en net nimmen fan maatregels:
By de boppesteande sifers wurdt ûnderskied makke tusken de jierren 2018-2022 oan de iene kant en 2023 en 2024 oan de oare kant, omdat de wolf him sûnt ferline jier dúdlik folle mear sjen lit as yn de jierren dêrfoar,
Dat komt trochdat in keppel wolven him fêstige hat yn it Drents-Friese Wold, en der binne ek welpen berne. Dat hat mear skea ta gefolch as de jierren foar 2023 by elkoar opteld.
In stek fan 150 kilometer
Hast tûzen deade skiep, kij en ponsys fierder yn Fryslân wurdt de rep om maatregels hieltiten lûder. Ien fan de partijen dy't him dêr al jierren sterk foar makket, is de stichting Wolvenhek Friesland.
Dizze organisaasje, de namme seit it al, wol ek ynsette op stekken om fee tsjin de wolf te beskermjen. Mar yn dit gefal giet it om in folslein oare oanpak. De stichting wol in wolfkearend stek by de provinsjegrinzen delsette. Dat soe delkomme op in lingte fan 150 kilometer.
De natuergebieten op de grins mei Drinte en Grinslân binne dêr net yn meinaam. It stek moat wolven tsjinhâlde, mar in hiel soad oar wyld moat der wol trochhinne kinne.
Stichting Wolvenhek Friesland tinkt oan in stek fan stevich skieppegaas mei mesken fan 15 sintimeter. Om foar te kommen dat wolven derûndertroch krûpe, moat it sawat tritich sentimeter de grûn yn.
Fan in hichte fan 1.20 meter oant 1.70 meter krijt it stek finere mesken dêr't in wolf net by del klimme kin. De lêste 50 sintimeter makket in oprin fan 45 graden nei de kant dêr't de wolf it stek fan benei komme sil. Hielendal boppe-op kinne stroomtriedden komme.
Gefaarlike tunnel
De stichting is him der bewust fan dat it stek net oer diken en fytspaden hinne set wurde kin. Mar dy oergongen kinne wol op oare manier ûnoantreklik makke wurde foar de wolf, bygelyks troch it stek sa'n tritich oant fyftich meter by beide kanten fan in dyk del rinne te litten.
It tunneleffekt makket trochgong foar in wolf gefaarlik, is de gedachte dêrachter.
De stichting wol mei bedriuwen en technysk saakkundigen praten oer wat noch mear mooglik is. In punt fan oerlis is de grûn dêr't it stek op te stean komme moat. De stichting wol dêroer yn petear mei alle belutsen grûneigners.
De Stichting Wolvenhek hat muoite om by de provinsje de hannen op elkoar te krijen foar it plan. Minsken fan de organisaasje sizze dat se hieltiten te hearren krije dat it 'net kin'en 'net mei'.
Se sizze dat se oantoane wolle dat fleksibele wolverasters net wurkje, en in goed permanint raster wol. Hjoed wol Wolvenhek Fryslân dêr op it provinsjehûs yn Ljouwert opnij omtinken foar freegje.