Omrop Fryslân

Seldsum goed raster kin wolf net keare: twa skiep dea

Ien fan de deade skiep yn it lân yn Boyl
© Omrop Fryslân, Tiete Sijens
In raster mei acht triedden, mear as de noarm en mei 9.000 volt, ek mear as de noarm. En dochs wie it net genôch om in wolf út de buert fan in keppel skiep yn in stik lân yn Boyl te hâlden.
Skieppehâlder Judith van den Berg fan Elslo wit net mear hoe't se har bisten dan wól beskermje moat. Van den Berg hâldt de skiep as hobby, al neamt se it heal út de grap 'in parttime baan', omdat se der behoarlik wurk fan hat. Mar de wille fergiet har de lêste tiid.
De twa skiep dy't freed oanfallen waarden troch in wolf wiene net de earsten. Earder rekke se al fjouwer kwyt en ek fjouwer ponnys.
Seldsum goed raster kin wolf net keare
Se hat de helte fan har skiep yn in stik lân by har âlden yn Boyl. En heit hat der in raster foar makke dat mei de betriedding en de stroom dy't der op stiet fier boppe de noarmen foar in wolfkearjend stek útkomt.
Se tochten dat se de bisten feilich hiene. Mar dat pakte oars út.
Dan vraag ik me af: wat is dan wel wolfproof als ze hier al doorkomen?
Judith van den Berg
It raster is 1,65 meter heech, de leechste tried sit op 15 sintimeter. Der stiet op syn minst 6.000 volt en op syn meast 9.000 volt op.
Mar in wolf liet him der net troch tsjinhâlde. Hy kaam deryn en der ek wer út en liet ien skiep dea efter en in twadde sa bot ferwûne dat it ôfmakke is.

It hâldt net op

It makket Van den Berg lulk. Net sa sear op de wolf, want dat bist wol ite en wit net better. Mar dat se der alles oan docht en dat dat dan dochs net genôch is.
Se fynt dat it sa net langer kin. Se sjocht it leafst dat der mooglikheden komme om probleemwolven ôf te sjitten.
Want it hâldt net op, is har ferwachting. "Als hij hier al in komt, dan gaat-ie straks de stallen in."
Skieppehâlder Judith van den Berg fan Boyl
© Omrop Fryslân
It docht har ek fertriet, want se hâldt fan har bisten. Der komt ek in stik emoasje by te sjen. Se is der alle dagen mei dwaande . "Je wilt ze kunnen beschermen, maar ja, dat kan nu bijna niet meer."

Earste kear in wolf troch sa'n goed raster

Wolvekonsulint Jaap Mekel van de provinsje is ûnder de yndruk fan de kwaliteit fan it raster yn Boyl. Hy komt it selden tsjin dat feehâlders harren bisten sa goed beskermje.
"Ik denk dat dit de tweede of de derde keer is dat ik zo'n goed raster heb gezien. En die andere twee keren was er geen aanval. Dit is de eerste keer dat dat er toch een wolf doorkomt."
Jaap Mekel fan Ravenswâld, wolvekonsulint foar provinsje Fryslân
© Omrop Fryslân
Mekel advisearret feehâlders as se in wolfkearjend stek oanskaffe wolle. Dit ynsidint sil him net helpe yn syn wurk, ferwachtet er. As dit al net genôch is, is it de fraach hoe't it dan wol fierder moat.
Mekel hat it leafst net dat der in soarte wapenwedloop ûntstiet, mei dat der hieltiten wer útwreidingen komme om de wolf mei in stek te kearen.
"Je kunt een meter voor het raster twee draadjes met stroom erop neerzetten, en een meter dáárvoor nog een met stroom erop. Dan moet een wolf een aanloop nemen, wat lastig is omdat hij daardoor dan ook al schokken krijgt. Maar het houdt een keer op."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.