Omrop Fryslân

It skaad fan de wolf lûkt oer de Stellingwerven: "Minsken libje mei eangst"

In wolf yn it wyld yn Nederlân
© Shutterstock.com (RedDog-photography)
Dat de wolvekeppel fan it Drents-Friese Wold in soad slachtoffers makket ûnder fee is, dat witte we. Mar dat minsken yn de regio har libbensstyl oanpasse omdat se midden tusken de wolven wenje, dat is minder bekend. Se binne benaud foar de wolf.
Neffens foarsitter Jelle de Ruiter fan Pleatslik Belang Easterstreek is de ympakt grut, as minsken de natuer net mear yndoare. "Minsken libje mei eangst, dat is hiel ferfelend om te sjen."
Jelle de Ruiter
© Omrop Fryslân
Anne Veenstra hat in winkel in doarp fierderop, yn Boyl. Hy werkent it ferhaal fan De Ruiter: "De angst bij mensen neemt toe. Met hun paarden even naar het bos, 's avonds op de fiets naar de vereniging in het dorp, dat durven ze niet meer. Dat leeft enorm."

Bernsbern wolle net mear nei beppe

Ek wethâlder Hanneke Zonderland fan Weststellingwerf wit fan de eangst: "Ik hoorde van een oma dat haar kleinkinderen niet meer bij haar willen komen logeren. 'Want daar is toch die wolf bij jullie', zeggen ze dan. Of 'mijn kinderen gaan 's avonds op de fiets naar de sport, maar ik denk dat ik ze maar liever met de auto ga brengen.'"
Je moet bij alles wat je doet nadenken.
Anne Veenstra fan Boyl
Dat wolven har hieltiten faker sjen litte hat dus dúdlik gefolgen foar de ynwenners fan it gebiet. Neffens Anne Veenstra beheint it minsken yn har frijheid. "Je moet bij alles wat je doet met je huisdier of je paard of je dieren in het land nadenken: heb ik de stroom op de draad, heb ik 's avonds de hond wel binnen?"
Anne Veenstra
© Omrop Fryslân
Jelle de Ruiter: "We ha in oantal kearen hân dat bern op de fyts wolven tsjinkamen. En hy dûkt op yn de achtertunen fan minsken, dy't wenje by maislân, gerslân of by de bosk. Dus dy wurde hiel benaud. Foar har fee, foar har bern, foar harsels as se even achter yn de tún oan it wurk binne."

Fan miening feroare

Doe't de Ruiter in tal jierren lyn hearde dat der in wolf sjoen wie yn Nederlân, fûn er dat moai.
"Mar no ha ik sels twa kear wolven sjoen en dêr wurde je toch net fleurich fan." As er jûns mei de hûn te rinnen giet, bliuwt er tichterby de hûzen, wylst er earder in rûntsje troch de bosk rûn.
In paad yn it Drents-Friese Wold
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Veenstra is net sa benaud foar wolven, mar dat kin samar feroarje, seit er.
"Ik heb hem al een keer of wat gezien. Nu is het er iedere keer een. Maar als je er eens een keer vijf bij de fiets hebt, of bij je erf bij de beesten, dan weet ik het niet. Dan kan het ook zomaar omslaan."

Bûtensteanders snappe it net

Minsken dy't op dizze manier te krijen ha mei de wolf, fiele har net altiten like goed begrepen. Wethâlder Zonderland fernimt dat ek.
"De wolf doet wat met de samenleving. De voorstanders vinden het prachtig, want het is goed voor de biodiversiteit. En er zijn ook mensen die zeggen: hij hoort hier niet, weg ermee. "
Wethâlder Hanneke Zonderland fan Weststellingwerf
© Omrop Fryslân, Amber Otter
De gemeente kin net folle dwaan tsjin de wolf, mar hat wol in lústerjend ear.
"We hebben laatst een samenzijn georganiseerd, om mensen te vragen: 'wat merken jullie ervan?' Dan is er een deel dat zegt dat ze er wel mee kunnen leven. Maar de zorgen zijn er wel degelijk", seit Zonderland.
De Ruiter wie by dy byienkomst. "Dat is wol fijn, datst dermei elkoar oer prate kinst, we sieten in hiele jûn by elkoar. We ha ek wol hiele polarisearjende gesprekken hân hjir yn de omlizzende doarpen, mar dit wie in fijn gesprek."
Je kunt het niet laten gaan, dat gaat op de kop verkeerd.
Anne Veenstra fan Boyl
Veenstra fynt dat der better beheard wurde moat.
"Je kunt het niet laten gaan, dat gaat op de kop verkeerd. Dan duurt het niet lang meer of er wordt een mens van de fiets getrokken of erger. Helemaal het land uit zal wel een probleem worden, maar dat zou voor heel veel mensen wel een stuk rust brengen."
In wolf op 'e strún
© Shutterstock.com (AB Photographie)
Omdat de streng beskerme status fan de wolf net earder as oer in jier as wat feroarje sil, sille de Stellingwervers leare moatte om te libjen mei de wolf. En dat falt net ta, seit De Ruiter.
"Der is hiel muoilik te libjen mei in wolf, al soe in stik foarljochting dêr noch wol wat yn helpe kinne. Mar it is in dreech ferhaal, om echt leare te libjen mei wolven."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.